Earste ûnbemanne fleantúch MQ-9 fan Nederlân stiet op fleanbasis Ljouwert

© Koninklijke Luchtmacht
It earste MQ-9 tastel yn Nederlân is op de fleanbasis yn Ljouwert yn elkoar set. It ûnbemanne ferkenningsfleantúch wurdt op dit stuit brûkt foar trainingen foar it 306 squadron en sil dus noch net fleane.
It komplete systeem bestiet út fjouwer tastellen en fjouwer grûnstasjons. De oare trije MQ-9 fleantugen sille wol bestjoerd wurde út Ljouwert wei mar binne stasjonearre op Curacao. De tastellen kinne troch Definsje brûkt wurde om data en ynformaasje te sammeljen.
De MQ-9 kin sa ynset wurde op plakken dêr't oare systemen fan Definsje net altyd oanwêzich wêze kinne.
It kabinet is fan doel de tastellen ek te bewapenjen mei bommen en raketten. Dêrfoar skaft it kabinet munysje oan. It duorret lykwols noch wol even foardat de MQ-9 ynset wurde kinne as oanfalswapen. Nei alle gedachten wurdt dat ein 2028. Op dit stuit wurket it systeem dus ek al, mar dan sûnder munysje.