CDA-deputearre Friso Douwstra oer nije listlûker Bontenbal: "Kin politike ynhâld sjen litte"

© ANP
Nije listlûker fan it CDA Henri Bontenbal is neffens Frysk CDA-deputearre Friso Douwstra de goede kar. Douwstra fynt dat Bontenbal de persoan is dy't yn Den Haag mear sjen kin nei de ympakt fan besluten: "It lân moat regearre wurde."
Oait wie it de grutste politike partij fan ús lân, it CDA. Dat is no wol oars: ek al dogge de kristendemokraten mei yn it demisjonêre kabinet, de peilingen binne net geunstich. Al skoften stiet it CDA op ferlies, se ha no acht sitten yn de Twadde Keamer, neffens de lêste peilingen soenen dat der noch seis wêze.

Nochter

Likegoed kaam de partij moandei mei de nagelnije listlûker Bontenbal. "Hy is no-nonsense", seit Douwstra oer syn kollega yn Den Haag. "Dat is wat ik sa moai fyn oan him, hy stiet foar it lân en ik tink dat hy hiel nochter, sûnder al te folle Haachske opsmûk, de politike ynhâld sjen litte kin."
Deputearre Friso Douwstra © Provinsje Fryslân
Bontenbal hat oanjûn net yn oanmerking komme te wollen as kandidaat-premier. Douwstra: "Ik tink dat dat in kar is dat je yn it foar dúdlik meitsje moatte, dat docht hy no en dan wit eltsenien dat ek. Dan kin er moai yn de keamer sitte, in tûke kar."

Praktysk

In advys hat Douwstra noch wol foar Bontenbal en de Haachske polityk. "It gie in hiel soad oer 'de polityk', oer it spultsje en oer: wa hat it foar it sizzen. It gie te min oer: wat betsjut it no yn de deistige praktyk?"
Ek fynt de deputearre dat de "sosjaal-konservative koers" dy't it CDA al langer op papier stean hat no ek útdrûgen wurde moatte soe. "Ik tink dat hy en syn team dat aanst ek dwaan sille."