Van der Heide werkent wol wat yn Nicolaescu: "Hij is een beetje de nieuwe Camataru"

Ald-fuotballer Sandor van der Heide stekt syn bewûndering foar Wiebe Kooistra en Ion Nicolaescu net ûnder stuollen of banken. Beide manlju skoarden by harren debút.
De ien rêde foar SC Cambuur in punt tsjin FC Emmen en de oar makke de hege ferwachtings wier mei de iepeningstreffer foar sc Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk. It is ûnderwerp fan petear yn de Sportcast.
Nicolaescu hat by syn presintaasje in heech ferwachtingspatroan skept troch te sizzen dat syn meispilers him ynspylje moatte en dat hy de ballen der dan wol yn sjit.
Knappe goal
Dat die de Moldaviër troch de 1-0 te meitsjen tsjin RKC. In doelpunt dat neffens Van der Heide technysk knap wie: "Hij nam 'm aan, die aanname was echt goed, en hij schoot hem ook snel binnen. Dat is wel echt een kwaliteit hoor."
De 45-jierrige Snitser, dy't likegoed by Hearrenfean as Cambuur spile, sjocht dat 'Nico' beslist gjin koekebakker is. "Ik heb wel het idee dat dit zo'n jongen is die in de zestien altijd weet waar de goal is. Dat is als spits echt wel een kwaliteit."
Sterker noch, Van der Heide werkent yn Nicolaescu ien fan syn East-Europeeske foargongers: "Het is een beetje de nieuwe Rodion Camataru."
De held fan Cambuur komt wat tichter út de buert. De 17-jierrige Wiebe Kooistra skoarde yn de blessueretiid de lykmakker tsjin FC Emmen. "Ik ha in geweldich wykein hân, it koe net better", fertelt Kooistra.
De telefoan fan de Harrekyt stie readgleon: "Ik ha in hiel protte reaksjes hân", seit de bûtenspiler. "Ik bin eins noch hieltyd dwaande om eltsenien te beäntwurdzjen."
Lef fan Ultee
Van der Heide koe genietsje fan de goal fan Kooistra. "En het is een jongen uit de regio. Dat is toch prachtig?", seit de âld-middenfjilder, dy't hopet dat Kooistra sa spyljen bliuwt as ôfrûne freed. "Hij is onbevangen en dat moet hij ook houden."
"Hij moet elke keer de één-tegen-één blijven opzoeken. Dan is het ook prima als het honderd keer misgaat en je een keer gewisseld wordt", fynt Van der Heide.
Hy fynt it ek moai dat Cambuurtrainer Sjors Ultee in healoere foar de ein Kooistra debutearje liet. "Dat doe je normaal gesproken als je 3 of 4-0 voor staat. Maar dit toont wel lef en ik vind het mooi van Ultee dat hij het wel doet."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.