Sjoch hjir it skûtsjesilen by Wâldsein werom

It SKS Skûtsjesilen wie hjoed by Wâldsein. De wedstriidlieding hat besletten om der in sânglês yn te lizzen. De wedstriid is hjir folslein werom te sjen.
"Het wordt een lange, smalle zandloper", sei wedstriidlieder Bart Lekkerkerker yn it foar. "Dat doen we omdat we er twee goede kruisrakken en twee voordewindse rakken in willen hebben om alle facetten van een wedstrijd te hebben."

Fluch antisipearje

"De afweging was een zandloper of een 'op-en-delbaan'", leit Lekkerkerker út. "De schippers hebben die laatste heel graag, maar het brengt grote onzekerheid met zich mee als er windschiftingen zijn. Dat hebben we op Elahuizen gezien, dan vaar je een carrousel."
"Bij een zandloper kun je op alle schiftingen anticiperen door elke keer één boei te verleggen. Bovendien is de baan zo lang dat het niet gauw voorkomt dat in alle rakken boten zijn en die dingen gebeuren in een op-en-delbaan wel", seit Lekkerkerker.
De rûte fan de wedstriid by Wâldsein © Omrop Fryslân
Lekkerkerker wie fan doel om der ien normale start yn te lizzen en as dy falsk is, de 'Japanner' op te hingjen. Dat hâldt yn dat der net opnij in folslein falske start mooglik is, mar dat skûtsjes dy't binnen ien minút foar de start de startline passearje, weromroppen wurde.
"Maar de schippers zijn gretig en dit boezemt toch te weinig angst in. Misschien moeten we op lange termijn aan een zwarte vlag denken", sei Lekkerkerker. Dat betsjut dat skûtsjes dy't dan falsk starte net mear oan de wedstriid meidwaan meie.

Striid yn it klassemint

Dat de skippers sa skerp binne, hie ek te krijen mei de stân yn it klassemint. De top-trije stie yn it foar aardich ticht by elkoar. Grou hie in lytse foarsprong fan fjouwer punten op De Lemmer en 8,1 op It Hearrenfean. De Grousters hawwe lykwols ien grut foardiel: sy hawwe in ôflûk fan fiif en de ôflûk fan De Lemmer en It Hearrenfean is fjirtjin.
It klassemint foarôfgeand oan de wedstriid by Wâldsein:
Waarman Jan Jonkman ferwachte in wyn út súdlike rjochting dy't oanlûke soe oant krêft 4. Nei fjouweren naam hy wol stadichoan wer ôf. Fierder wie der in soad sinne en yn de middei in pear wolken.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging fan ús analisten en is live te folgjen op telefyzje, radio en fia de livestream op ús webside en app. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot en nei de wedstriid folgje noch neipetearen.