Personiel fleanbasis fuortkaapt troch bedriuwen: "Het is een uitdaging"

Troch personielskrapte by Definsje moatte se op fleanbasis Ljouwert drege besluten nimme. In tal fleaners hat de oerstap makke nei kommersjele maatskippijen. Ek oar personiel wurdt fuortkaapt.
"Het is wel een uitdaging", jout oerste Guido Schols fan fleanbasis Ljouwert ta. Hy is kommandant fan it 322-squadron op de fleanbasis Ljouwert. Om't dy basis tydlik ticht is, operearret it squadron fan fleanbasis Volkel ôf. "We groeien als luchtmacht en dan heb je mensen nodig."
Goed yn de gaten hâlde
Schols sjocht de útstream net fuortendaliks as in grut probleem. "Het is niet problematisch, maar we moeten het wel in de gaten houden." Der stappe no sa'n trije, fjouwer fleaners oer nei kommersjele maatskippijen.
De fleantugen binne en bliuwe gewoan ynsetber en der binne genôch fleaners dy't goed traind binne. Neffens Schols is it in weagjende beweging dy't om de 10-15 jier weromkomt.
"Mensen die al 15 jaar bij Defensie zitten, willen misschien rustiger aan doen en meer thuis zijn en kiezen daarom een andere baan. Het is voor Defensie zaak om daarop te acteren. Op dit moment zijn we bezig om dat op te lossen." Schols is in optimist: "We kunnen vliegen en aan onze taakopdracht voldoen."
Het heeft geen directe impact op de inzetbaarheid. We moeten wel kijken naar prioriteiten.
Under it personiel binne lykwols soargen. Dat docht ek bliken út de plannen fan de nije heechste loftmachtbaas, generaal André Steur. Hy skriuwt yn syn 'Vertrekpunt' dat se op it stuit mei te min minsken binne.
Steur konstatearret in hege wurkdruk binnen de organisaasje. Hy wol aktyf sykje nei mear minsken, mar warskôget der ek foar dat de druk op de arbeidsmerk heech is.
Regionaal minsken oanlûke
Definsje wol besykje mear minsken regionaal oan te lûken, benammen as it giet om grûnpersoniel, technisy, befeiligers en ICT-spesjalisten. "Ik zou het iedereen kunnen aanraden", seit oerste Schols. "Het is een fantastische werkgever."
Dochs moat hy út en troch ek kieze. As de minsken der net binne, kinne je taken net útfiere. "Het heeft geen directe impact op de inzetbaarheid, maar het is wel zo dat we moeten kijken waar de prioriteit ligt. Het zou maar zo kunnen zijn dat ik een taakopdracht heb die ik moet uitvoeren en ik andere projecten op een laag pitje moet zetten."
As der bygelyks troch de NAVO frege wurdt om wer nei it Eastblok ta te gean foar de beskerming fan it loftrom, dan kin dat mar foar beheinde tiid, sa stelt Schols. Yn stee fan de trije, fjouwer moannen dy't gewoanwei jilde, soe it dan mar maksimaal twa moannen kinne.

Oan de ynstream fan nije fleaners sil it net lizze. De oplieding sit goed fol. Dat liket goed nijs, mar it hat wol konsekwinsjes. Foar de oplieding hawwe je ek fleaners mei ûnderfining nedich. Boppedat wurde mear minsken socht om't de loftmacht mear tastellen kriget.
Schols: "Er zijn mensen nodig voor de onbemande systemen zoals de MQ-9, maar ook voor nieuwe transporttoestellen en helikopters. Over de hele breedte zijn mensen nodig."
Fan krimp nei eksponinsjele groei
It is foar Definsje in folslein oare situaasje as in oantal jierren lien. Doe waard der hieltyd besunige en wie der neat mooglik. Sûnt in pear jier, hielendal nei't de oarloch yn Oekraïne begûn, is der wer mear jild beskikber.
"Je kunt niet na twintig jaar krimp zomaar exponentieel groeien", stelt Schols. "Dat heeft tijd nodig. Wil je mensen hebben, dan ben je een paar jaar verder, dus is het zaak dat we de mensen opleiden en de gaten vullen."
Oare lannen sitte mei deselde problemen as Nederlân. Dêr kinne je dan ek tûk nei sjen, fynt de kommandant fan it 322-squadron.
Hy tinkt oan de kombinaasje fan fleane mei ûnbemande systemen. Yn de Feriene Steaten wurdt dêr no mei test. Ien F-35 kin dan bygelyks fiif ûnbemande systemen oanstjoere. "Zo kun je met minder mensen veel doen."