Miljoenetekoart foar medysk laboratoariumbedriuw Certe

It laboratoarium fan Certe yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Laboratoariumbedriuw Certe sit yn finansjele problemen. De ôfdieling medyske mikrobiology hat in tekoart fan trije miljoen, omdat ynkomsten troch COVID-testen fuortfallen binne.
It gefolch is dat it laboratoariumbedriuw besunigje moat. Tydlike kontrakten wurde foarearst net ferlinge.
Certe yn Ljouwert © Omrop Fryslân
"Het tekort is ontstaan doordat de opbrengsten die in de begroting waren verwerkt voor de COVID-diagnostiek dit jaar ernstig zijn tegengevallen", seit bestjoerder Gijs de Kort fan Certe.
Neffens De Kort is der ferline jier te posityf ynskat wat de opbringsten fan COVID-testen wêze soene. Nei't de oerheid dúdlik makke dat der by klachten gjin test mear nedich wie, is de merk ynstoart.
De konsekwinsjes dêrfan wienen net fuortendaliks sichtber, seit De Kort. "Het beeld is de eerste vier maanden vertroebeld door de influenzadiagnostiek bij de microbiologie. Die was wat hoger dan wij voorzien hadden. Dus aan de productiecijfers konden we dat nog niet zien. Dat werd later bij de financiële doorrekening wel duidelijk."

Konsekwinsjes foar it personiel

It tekoart hat konsekwinsjes foar guon meiwurkers fan Certe. Tydlike kontrakten wurde net ferlinge. Ek krije nije wurknimmers - yn guon gefallen al oannommen - harren baan dochs net.
De Kort: "Wij vinden het ook ellendig, mag ik wel zeggen. Maar het is inherent aan het probleem waar we nu tegenaan kijken."

Nei Drachten

Op it stuit wurdt wurke oan plannen om yn Drachten ien grut laboratoarium te bouwen foar it folsleine noarden. De fêstigingen yn Ljouwert en Grins slute dan.
"Voor de verdere toekomst biedt dat zeker soelaas", seit Gijs de Kort. "We zien dat de tarieven voor de diagnostiek onder druk staan. Om klaar te zijn voor de toekomst is het dan ook belangrijk de fusie die al jaren geleden is ingezet, uiteindelijk ook succesvol af te ronden." Dat moat oer twa jier klear wêze.
Neffens De Kort is it net sa dat der finansjele need is by Certe. "Nee, het gaat hier om een afdeling die moet zien dat ze binnen de begrotingskaders blijft."