Skriuwster en Gysbert Japicxpriiswinner Aggie van der Meer ferstoarn

Aggie van der Meer © Jan Bensliman
Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.
Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stêd har hiele libben trou. Sy brocht dêr har bernejierren troch, siet dêr op skoalle en is der ek troud.
Sy wie jierren aktyf foar de Vredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel De Kamiel fan Omke Romke.
Op lettere leeftiid lei sy har ta op literêr proaza en op poëzy.
Aggie van der Meer lêst in gedicht foar
Se wie it meast aktyf yn de earste tsien oant tolve jier fan de 21e iuw. Sy wie doe dus al yn de santich. "Us jongste soan kaam ris thús en sei: 'Ik keapje moarn in kompjûter foar dy'. Hy sei, dat dat te gek wurde soe. Ik fûn dat allegear net nedich, mar hy die it. Fan dy dei ôf bin ik der efter sitten gongen en haw ik der nea wer wei west."
Har produktiviteit gie dêrnei behoarlik omheech. Tusken 2000 en 2012 skreau se fiif poëzybondels en sân boeken mei literêr proaza, likegoed romans as novellen. Dêrnjonken makke sy yn dyselde perioade noch fiif stikken foar toaniel.
Yn 2011 waard sy foar De Oerfeart nominearre foar de Piter Jellespriis, dy't sy ek wûn.
© Provinsje Fryslân
Yn it boek De Achttjin (2016) wurdt it libben beskreaun fan de Joad Ferenc Hacha dat yn 1925 begûn yn Dresden, Dútslan. Sintraal yn it boek stiet de situaasje yn Tsjecho-Slowakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach. Dy kaam ta syn died neidat Moskou yn augustus 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde 'Praachske Maitiid'.
It boek waard yn 2019 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. Aggie van der Meer krige dy priis ek op 25 septimber fan dat jier, mar foar har folsleine wurk.
Sels sei sy dêroer: "Ja, wêrom krijt de iene wol in priis en de oare net? Ik wit it net, mar ik bin der wol hiel bliid mei, benammen omdat it de earste echte Boalserter is dy't de priis krijt. Gysbert Japicx hat ek hjir yn Boalsert wenne fansels. En ik bin in frou, dat is ek wol moai. Dus ja, ik fiel in soad blydskip."

Nij wurk ferskynde dêrnei, dit wie yn 2019, net mear.
Deputearre Sietske Poepjes oer de Gysbert-winner
Yn 2019 makke programmamakker Bart Kingma in portret fan Aggie van der Meer. Besjoch de Fryslân DOK 'Skrinende ferealens'.