Flylân hat mei needgenerator wer stroom, nei brân yn in transformatorhúske

De brân © Restaurant De Dining
Flylân hat in skoft folslein sûnder stroom sitten. Dat kaam troch in fûle brân yn in transformatorhúske. Mei help fan in needgenerator is der yntusken wer stroom op gong brocht.
De melding fan de brân yn de omkriten fan de Fortweg waard om 09.15 oere hinne dien. Net lang dêrnei makke netbehearder Liander melding fan de steuring. Der waard in monteur oproppen.
"Der is hurd wurke om in ekstra generator komme te litten", fertelt wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht. "Der is wer stroom en wy sjogge hoe't wy dit fierder oppakke moatte."

Ekstra aggregaat

De brânwacht ferklearret te wurkjen oan in strukturele oplossing. Yn de middei wurdt der in ekstra aggregaat fan de wâl ôf oerbrocht. Liander pleatst dy om it transformatorhúske te ferfangen.
It yndustryterrein hie earst noch gjin stroom, mar yntusken hat it grutste part fan de bedriuwen ek wer stroom. Allinne by in pear pannen op it terrein en de jachthaven slagget it noch dreech.
Wêrtroch't it transformatorhúske yn 'e brân fleach, wit de brânwacht net. It fjoer is yntusken út, it húske is folslein útbaarnd. Der is net ien ferwûne rekke.
Mei in rêdingsboat is ekstra plysje nei Flylân ta brocht © CAMJO media
De heale maraton op it eilân giet gewoan troch. Der is ekstra plysje nei Flylân ta brocht, lit de feilichheidsregio witte. It plysjeburo is snein iepen, ek foar fragen.

GRIP-1

De brânwacht hie opskaald nei in GRIP 1-situaasje fanwegen de brân yn de elektrisiteitskast. "In GRIP 1-situaasje seit dat wy it koördinearre dwaan wolle mei brânwacht, plysje, ambulânse en oare tsjinsten lykas gemeente en Liander."
Wurdfierder Zwart joech oan dat it opskalen dien is fanwegen de drokte op it eilân. "It is de drokste tiid fan it jier, in soad minsken hawwe stroom nedich. As je samar sûnder sitte, hawwe je in probleem."