SKS-ikoan Pieter Brouwer is slim siik: "Je hoopje net dat it de lêste kear is"

Al by de earste wedstriid sloegen se om: gewoanwei soe dat foar in skipper in ramp wêze. Mar net foar Sytze Brouwer fan It Hearrenfean. Net dit jier. Hy kin it relativearje.
Syn heit Pieter Brouwer is slim siik. It skûtsjesilen helpt him en syn famylje om dêrtrochhinne te kommen, seit er.
De 64-jierrige Pieter Brouwer wie jierren skûtsjeskipper. Earst by Earnewâld (1998-2003), letter by It Hearrenfean (2004-2013). Dêr waard er trije kear kampioen fan de SKS: yn 2006, 2008 en 2010. Brouwer is yn 1959 yn in skûtsje berne op de Grutte Wielen by Ryptsjerk en hat mei Aukje Visser trije bern krigen: Sytze, Harmen en Trynke.
Tsien jier lyn hold Pieter Brouwer op as skipper yn de SKS, omdat er dat net mear kombinearje koe mei syn wurk yn de binnenfeart. Mar hy bleau belutsen by it skûtsjesilen, ûnder oare op de parseboat en as analist by Omrop Fryslân.
Ik doch myn bêst om hjir noch in skoftke te bliuwen.
No is er werom op it skûtsje fan It Hearrenfean. Hy sylt dit jier mei as 'coach'. Om de jonges de 'fijne kneepkes' te learen. Mar ek om oantinkens te meitsjen, no't it noch kin.
"Je moatte posityf tinken bliuwe", seit Brouwer. "Ik doch myn bêst om hjir noch in skoftke te bliuwen. Mar hoe't it komt, ik haw gjin idee."

Dat er siik is, spile net mei yn syn beslissing om by soan Sytze oan board te stappen, seit er. "Dat wisten wy doe noch net." Mar troch de sykte is it no wol oars wurden.
Ien kear yn de 14 dagen moat Brouwer in gemokuer ha. "Dan bin ik in wike út de tiid, en dy oare wike giet it wol wer." Yn in goeie wike hat er noch in kear it helmhout oernaam fan Sytze, doe't dy in kear oare ferplichtingen hie.
Ferslachjouwer Geartsje de Vries prate mei Pieter en Sytze Brouwer:
Sjoch hjir nei in oangripend petear mei heit en soan Brouwer
It helpt bot, dat heit sa posityf is, seit soan Sytze. En it skûtsjesilen helpt ek. "It jout in protte foldwaning, we helje der in protte wille út. Us heit hellet der in protte wille út. En it is in foarrjocht om dit mei him te dwaan."
Foar Sytze is it no makliker om 'de rommel deromhinne' los te litten, seit er. "Dat is allegearre relatyf."
By de earste wedstriid fan it kampioenskip sloech it skûtsje fan It Hearrenfean om. "Heit siet te laitsjen op de boppekant fan it skip. Dat fûn ik ek wol wer moai."

"In soad minsken fûnen it hiel slim, en dat is ek wol wer leaf, mar it falt wol ta", seit Sytze. "It is allegearre relatyf, dat sjogge je no wol. En je kinne it no folle yntinser belibje. Dat is gewoan sa. Mar je hoopje net dat it de lêste kear is."
"Wol de lêste kear dat we omdonderje", laket heit Pieter. Hy wie noch nea earder omslein mei in skûtsje.
Harmen of Sytze
Pieter Brouwer hat noch in soan: Harmen Brouwer. Dy is skipper op it skûtsje fan Langwar. Moat heit dêr net ek oan board wêze?
"Harmen hat ek goeie minsken oan board. Eildert bygelyks, syn sweager, myn skoansoan. Dy wit ek alles fan silen, dêr krijt Harmen in soad stipe fan. En ferline jier haw ik sels ek in soad by him omskarrele, doe wie it syn earste jier as skipper. Ik wie net mei, mar ik holp wol."

It is "ferrekte maklik" dat syn heit no meisylt, seit Sytze. "Der binne hiel wat nije jonges, dy't net safolle ûnderfining ha en heit kin se dan sjen litte kin wat de lytse dingen binne dy't better kinne. Heit sjocht alles, dat nimt my in soad wurk út hannen."
Jierren wie Sytze bemanningslid by syn heit oan board, mar no binne de rollen omkeard. De soan is no de baas oan board. "Ik hoech ek net mear op de foargrûn", seit heit Brouwer. "Dy jonges binne 40, wa bin ik dan om se te fertellen hoe't it moat?"
Kampioen
Skûtsjesilen is in sport fan tradysjes, fan famyljes, fan gesellichheid. Mar by de Brouwers giet it om de winst. Sels no't heit siik is.
Oare skippers sizze soms dat se 'moai sile' wolle, mar foar Pieter Brouwer is it skûtsjesilen pas in sukses as se foar it kampioenskip meidwaan kinne.
"Ik haw safolle respekt foar dy minsken dy't alle jierren wer komme, en dy't, as se dan by de bêste sân komme, tinke: 'wat ha wy goed syld'. Echt wier, dat soe ik net kinne."
It fielt moai om der alle dagen fol foar te gean. Dat sit hiel djip.
Soan Sytze relativearret. "Wy binne echte winners, Harmen ek. Wy dogge mei om earste te wurden, mar soms moatte je dat loslitte. Al kin dat wol dreech wêze."
Dy winnersmentaliteit hat him in soad brocht, seit Sytze. "It fielt moai om der alle dagen fol foar te gean. Dat sit hiel djip."

Sytze is no sân jier skipper op It Hearrenfean. Hy is trije kear as twadde einige yn it klassemint, mar it sulveren skûtsje mocht er noch nea mei nei hûs nimme.
"Ik ha it meimakke", seit heit Pieter. "Kampioen wurde. Dat is geweldich. Dêr kin ik no wol wer emosjoneel fan wurde. Mar oant no ta bin ik de lêste fan It Hearrenfean dy't kampioen wurden is. Dat is gewoan sa."
Alles oer it skûtsjesilen is te finen op OmropFryslan.nl/skutsjesilen.