Spotters offeren har nachtrêst op foar in prachtige stjerrerein

Tal fan leafhawwers en amateurastronomen lutsen der ôfrûne nacht op út om fallende stjerren te spotten. De swaarm is alle jierren om deselde tiid hinne te sjen, as de ierde troch in púnwolk lûkt.
Der wie op guon plakken wol wat bewolking, mar dochs wie de meteoareswaarm wol te sjen. Op it hichtepunt wiene der tsientallen fallende stjerren de oere sichtber. Om 03.45 oere hinne wie it de bêste tiid om te spotten.
Ljochtsjende spoaren
Dizze saneamde Perseïden binne foarme troch stof en pún fat fan de komeet Swift-Tuttle komt. As de ierde de swaarm foarby komt en krúst, is it de tiid fan it waarfenomeen. As de stikjes stof en iis yn de atmosfear komme, ferbaarne se en dat smyt in ljochtsjend spoar op. Dat sjocht der út as falt der in stjer.
Ek yn Fryslân wiene genôch lju ree om harren rêst yn te leverjen foar in nachtlike ekspedysje. Sa kaam der in soad folk nei De Westhoek ta, dêr't it by de seedyk noch moai tsjuster is.
Fansels waard der ek op de Waadeilannen besocht te stjerrerein te finen. It barde ûnder oare yn West oan See op Skylge.
Njonken it marke fan Hee (Skylge) wiene noch aardich felle fallende stjerren sichtber. It goed op de foto krije slagget lang net eltsenien, mar dit wie in moaie tafalstreffer.
Ek de kommende nachten binne der noch fallende stjerren te sjen, al sille dat der net mear safolle wêze as ôfrûne nacht. De measte meteoaren binne yn 'e rjochting fan it noardeasten te finen.