Liveblog | 13 augustus

112-nijs fan 13 augustus: Auto botst tsjin beam yn Drachten | Flylân siet sûnder stroom troch brân

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 13 augustus, 18:16
18:16

Auto botst tsjin beam yn Drachten

Auto botst tsjin beam op Martin Luther Kingsingel © SRFotografie
Op de Martin Luther Kingsingel yn Drachten is fan 'e middei in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en ried earst tsjin in lantearnpeal, wêrnei't er ta stilstân kaam tsjin de beam.
Yn de auto sieten trije minsken, twa fan harren rekken ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehûs.
13:19

Dief trappearre op miljeuterrein Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat by Omrin yn Ljouwert in fertochte oppakt foar dieverij. Der kaam in melding binnen fan it mooglik stellen fan koper op de miljeustrjitte. It die bliken dat de fertochte oan it 'shoppen' wie, sa't de plysje it omskriuwt, wylst de miljeustrjitte op dat stuit ticht wie. Neffens de plysje skrok de fertochte flink fan harren besite. Der is in proses-ferbaal opsteld.
10:20

Flylân sûnder stroom troch brân

De brân © Restaurant De Dining
Flylân hat in skoft folslein sûnder stroom sitten. Dat kaam troch in fûle brân yn in transformatorhúske. Mei help fan in needgenerator is der yntusken wer stroom op gong brocht.
10:15

Twa Friezen yn Grinslân oppakt nei dieverij en efterfolging

De scooter en bûtenboardmotor © politie_westerkwartier
In 47-jierrige man fan Drachten en in 24-jierrige frou fan Ljouwert binne yn Zevenhuizen (Grinslân) oanholden nei in efterfolging. Sy rieden sneon om 23.30 oere hinne op in scooter yn Leek doe't in plysje harren kontrolearje woe. De frou hie in bûtenboardmotor yn 'e hannen. It twatal wegere mei te wurkjen en naaide út.
Nei in efterfolging bedarje de scooterriders en de plysje oan de Roomsterweg nei Zevenhuizen. De scooter ried hast in plysje oan, mar rekket wol in auto en falt. Dêrnei koene de twa fertochten oanholden wurde. De man en frou binne nei de finzenis yn Grins brocht om heard te wurden.
De plysje dy't hast oanriden is, hat oanjefte dien fan it foarfal. De plysje rekke wol lichtferwûne oan de hân. Nei ûndersyk hat bliken dien dat de scooter stellen is en mooglik wie de bûtenboardmotor ek stellen. Wa't dêr mear oer wit, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.
07:00

Helptsjinsten manmachtich útfearn foar sinkend boatsje op de Pikmar

De helptsjinsten by de Meersweg yn Grou © CAMJO media
Ferskate helptsjinsten binne sneontejûn útfearn op de Pikmar foar in seistal jongelju dy't mei in boat yn de problemen kaam. De boat sonk en de opfarrenden hawwe harren troch te swimmen of in supplank fêst te hâlden yn feiligens brocht.
Der waar grut alarm slein om 21.45 oere hinne: brânwacht, plysje, ambulânse en sels in traumahelikopter kamen nei Grou ta. De brânwacht en de plysje hawwe de jongelju fan de Pikmar helle en by it Theehuis yn Grou opfongen, dêr't se bykomme koene. De opfarrenden rekken net ferwûne. It boatsje lei folslein ûnder wetter en is troch in brânwachtboat meisleept nei de wâl.