Nicolaescu makket praatsjes wier yn debút: "Sa wolle we it nije wike wer dwaan"

"It seach der miskien dreech út, mar op dat stuit fielde it oars: ik naam de bal oan en ik skeat." Ion Nicolaescu makke syn grutte wurden yn syn earste wedstriid foar Hearrenfean wier: hy hat syn earste goal te pakken.
De Moldaviër is noch mar in pear dagen yn tsjinst foar Hearrenfean en mocht tsjin RKC (3-1 winst) fuort yn de basis begjinne. "Foar my wie it in geweldige jûn. Myn debút, trije punten en in doelpunt."
Dy goals hie er ek tasein by syn presintaasje earder dizze wike. "Dat gebeurde no dus ek: Simon (Olsson, red.) joech my de bal en ik skoarde. Dat wolle we nije wike wer dwaan."
Ion Nicolaescu skoart by debút: "Geweldige jûn foar my"
'Nico' moast wol tajaan dat it soms ek wol even wennen wie, by in nije klup en yn in nije kompetysje. "Mar se ha my allegear in soad holpen de ôfrûne dagen. Se freegje hoe't ik spylje, wêr't ik de bal ha wol. Dêrom is it ek moai foar Simon, dy't my de assist joech."

Andries Noppert sjocht it wol sitten yn de nije spits. "Gelokkich ha we dy jonge derby. Hy docht it ek hiel goed, hat syn postuer mei."
Dat Nicolaescu ek praatsjes hat, wie de doelman net ûntgien. "Hy is yn elk gefal net op syn bekje fallen. Dus dêr leit it net oan. Wy tochten earst: meitsje it mar even wier. Mar de earste hat er no yn 'e bûse, dus lit der mar mear komme."
Van Wonderen teloarsteld
Trainer Kees van Wonderen wie ek bliid foar syn spits. It wie "het juiste moment", sei er fan tefoaren al. Hy is fit en dan kinne je mar it bêste fuort wenne oan it spul yn de earedivyzje.
"Voor een spits is het ook belangrijk om direct van de nul af te zijn, dat is heel waardevol." Dochs is Van Wonderen, opmerklik genôch, hielendal net bliid mei de wedstriid.
Van Wonderen: "Ik vind het heel moeilijk om naar te kijken"
Hy hold nammentlik in hiel ferfelende smaak oan de wedstriid oer. "Ik ben enorm teleurgesteld en ontgoocheld over de tweede helft. We kregen nog een kans op de 4-0, maar daarna..."
It begûn neffens Van Wonderen al mei Andries Noppert yn de opbou. "En nog meer rare dingen: een tackle in het strafschopgebied waar een strafschop uitkwam, niet meer meeverdedigen, mensen kwijt zijn bij lange ballen, niet meer in de organisatie. In de tweede helft hebben we heel weinig goed gedaan."
RKC had hier qua kansen misschien wel moeten winnen.
Hy fynt dat Hearrenfean, nettsjinsteande de komfortabele foarsprong, op it punt stie om de wedstriid út hannen te jaan. "Ze maakten de 3-1 en kregen ongelooflijk veel kansen op de 3-2. Volgens mij wel vier of vijf opengoalkansen. RKC had hier qua kansen misschien wel moeten winnen. Als je dat afzet tegen de eerste helft... dat vind ik bedenkelijk."
Dat de fokus nei it skoft minder wie as derfoar, is ynherent oan sa'n foarsprong. "Dan denken de jongens: deze wedstrijd is klaar. Als trainer kun je wel zeggen dat we met z'n allen moeten verdedigen, dat we geconcentreerd moeten zijn. Maar dat gebeurt niet."
"Aan de ene kant begrijp ik dat, maar ik vind het wel heel moeilijk om naar te kijken. Ik ga dit even op mijn manier verwerken."
"Bizar"
Noppert is it wol iens mei syn trainer. "Dy twadde helte is bizar. We komme de klaaikeamer wol hiel min út. We wienen sloardich yn dy twa mominten, dêrmei jouwe we harren in bytsje it gefoel dat se ta libben komme kinne."
It fielde al bekend foar Noppert. "We binne der sels debet oan. Dat binne ferwiten foar ússels. Dat wie ferline jier ek al it gefal, dat de twadde helte foar ús wat dreger wie."
Noppert: "Moai dat we Nicolaescu derby ha"
Dan is de fraach fansels hoe't je dat feroarje. "It sit blykber yn de groep. Dat moatte we derút helje. Asto it resept hast, dan hear ik it graach. Dat wit ik ek net. Mar we moatte gewoan opstean. We binne allegearre grutte manlju. Ik ek. Ik moat dêr ek yn opstean."
En dus bliuwt ek by Noppert it ferfelende gefoel wat hingjen. "Ik bin bliid foar de jonges dy't in goal makke ha, want we skoare net sa maklik. Dus it is moai om te sjen dat we it ek echt kinne. Mar de twadde helte is gewoan wer in ferfal. Dat is wol in stikje teloarstelling, dat we dat noch hieltyd ha."