Sterke earste helte smyt Hearrenfean trije punten op; Nicolaescu skoart by debút

sc Hearrenfean is it seizoen begûn mei in oerwinning. Yn it Abe Lenstra Stadion waard RKC Waalwijk mei 3-1 ferslein.
By de Friezen begûn oanwinst Ion Nicolaescu direkt yn de basis. De Moldaviër is yn eigen lân in grutheid en hopet dat yn Fryslân ek te wurden. Dêr jout er himsels twa jier foar, sa sei er by syn presintaasje.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Ali, Bochniewicz, Van Ottele, Köhlert; Nunnely, Haye, Tahiri, Sahraoui; Olsson, Nicolaescu.
Nicolaescu hie úteinlik noch gjin 24 minuten nedich foar syn earste doelpunt foar Hearrenfean. De spits naam de bal op de boarst oan op de râne fan it sechtjinmetergebiet en skeat mei in folly de bal hurd foarby doelman Etienne Vaessen.
Op it healoere waard it ek al 2-0, neidat Hussein Ali dy in pear minuten earder ek al op de skoech hie. It wie úteinlik Pawel Bochniewicz dy't in foarset út in frije traap binnenkoppe koe.

It swak ferdigenjende RKC krige foar it skoft sels noch de 3-0 om de earen. Osame Sahraoui kaam dertroch yn it strafskopsgebiet en skeat raak: 3-0.
Penalty keart it spul
Yn de earste minút fan de twadde helte hie Ché Nunnely al de 4-0 op 'e foet. Hy kaam allinnich op Vaessen ôf, mar miste dat bûtenkânske. Dêrnei liken beide ploegen it wol bêst te finen, mar dat feroare yn de 60e minút.
Denilho Cleonise waard yn it strafskopsgebiet ûnderúthelle troch Bochniewicz. De penalty dy't dêrop folge waard benutte troch Michiel Kramer, dy't hurd troch it midden skeat. It leauwen yn in punt kaam dêrmei werom by RKC.
Dochs noch spannend
Yn de 66e en 68e minút wie RKC fia respektyflik Chris Lokesa en Zakaria Bakkali tichteby de oanslutingstreffer. De ynset fan Bakkali koe Bochniewicz noch mar krekt fan de line helje.
In counter mei noch in kertier op de klok hie RKC echt werom bringe moatten yn de wedstriid. David Min kaam each-yn-each mei Noppert. Hy wipte de bal oer de doelman hinne, mar ek oer de goal.
Yn de slotfaze kaam de oerwinning fan Hearrenfean úteinlik net mear yn gefaar. Dêrmei koenen de Friezen de earste trijepunter fan it seizoen byskriuwe.