Tristan Bangma grypt tredde wrâldtitel yn ien wike

Tristan Bangma en Patrick Bos mei in eardere wrâldtitel © ANP
Parahurdfytser Tristan Bangma is mei syn piloat Patrick Bos foar de tredde kear yn ien wike wrâldkampioen wurden. Hjoed prolongearren se harren titel by de wedstriid op de dyk.
Ferline wike pakten Bangma en Bos al goud op de achterfolging op de baan en de tiidrit op de dyk. Hjoed rekkenen se yn de regio Dumfries & Galloway (Skotlân) ôf mei lânsgenoaten Vincent ter Schure en Timo Fransen. It ferskil wie twa sekonden.
It fertrouwen wie grut by Bangma en Bos, dy't al jierren by de wrâldtop hearre. Sa wienen se ek al regearjend wrâldkampioen op sawol de tiidrit as de wedstriid op de dyk.
It úteinlike doel is neffens Bangma de Paralympyske Spelen fan takom jier yn Parys. Dêr lizze kânsen, seit er: "Daar willen we het hoogst haalbare, op papier kunnen we gaan voor drie medailles."