Fryslân hat der fjouwer nije jonge fierljepkampioenen by

It Fryske fierljeppen hat der fjouwer nije kampioenen by. By it FK Jeugd yn Drylts sprong Hylke Brouwer fan Arum it fierst mei 10,90 meter. Dêrmei waard hy Frysk kampioen oant en mei 12 jier.
It twadde plak yn dy kategory gie nei Ysbrand Haanstra fan It Heidenskip (10,55 meter) en Sander Postma fan Tsjerkgaast waard yn in persoanlik rekôr fan 10,52 meter tredde.
By de famkes wie Nina van der Vliet fan Burgum de bêste. Se sprong nei 9,71 meter ta. Dat wie fierder as nûmer twa Else Klijn Velderman van Koudum (9,47 meter) en Brecht van der Weij (8,70 meter).
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes en de sprongen fan alle fjouwer kampioenen:
Yn de jongste kategory, oant en mei 10 jier, gie Friso Hobma fan Harns der by de jonges mei de winst nei hûs. Hy sprong 9,91 meter. Jurjen Kampen fan Burchwert waard twadde (9,37 meter) en Melvin Minnema út De Trieme pakte it brûns (8,07 meter).
By de jongste famkes gie de oerwinning nei Marrit Bouwhuis fan Parregea yn 8,35 meter. Alant Haanstra fan Warkum wûn sulver mei 8,28 meter en Berber van der Wal út Parregea ir brûns 8,28 meter.