Klassemintslieder Grou nimt fierder ôfstân mei magistrale winst op Iselmar

It skûtsje fan Grou op de Iselmar by Starum © Martin de Jong Fotografie
It Grouster skûtsje fan Douwe Visser slút de earste wike fan it SKS-kampioenskip ôf mei syn twadde oerwinning. Op de Iselmar by Starum pakte Grou ûnbedrige de winst en dêrmei wurdt de foarsprong yn it klassemint ek grutter.
It wie de twadde dei achterelkoar mei in op-en-delbaan. It giet om in baan mei twa ûnderste tonnen foar de âlde haven, dêr't de skippers tusken kieze moasten: oer bakboard of stjoerboard? Dêr lei Grou de basis foar de oerwinning.
Sjoch hjir nei de gearfetting fan de SKS-wedstriid by Starum
Grou makke de slach tusken de earste boppeton en de gate, troch dêr foar stjoerboard te kiezen.
"Foar ús wie it belangrykste dat we frije wyn hienen", sei skipper Douwe Visser nei ôfrin. "Stjoerboard wie hast elke kear de bêste slach."
"It mei om my wol sa trochgean", seit Douwe Visser
De start foar de Grousters wie noch net optimaal, yn tsjinstelling ta benammen de bruorren Brouwer: Harmen mei Langwar en Sytze mei Hearrenfean. Akkrum en de Súdwesthoeke setten té betiid fuort, sy hienen in yndividuele falske start.
"Akkrum wie te betiid fuort en dy lei flak foar ús", seit Douwe Visser. "Dêrom duorre it even foardat wy skjinne wyn hienen. Mar dêrnei gong it direkt goed."
It slagge Langwar om as earste om de tonne te farren, folge troch it skûtsje fan Hearrenfean. Klassemintslieder Grou kaam as fjirde troch.
It skûtsje fan Langwar foarop, mei d'Heale Moanne en Hearrenfean yn de efterfolging © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dêrnei moasten de skûtsjes dus kieze oft se nei de bakboard- of stjoerboardtonne ta sylden. Langwar en Hearrenfean keazen foar bakboard, Grou foar stjoerboard. Dat pakte goed út foar de Grousters: Langwar wie noch wol as earste by de 'gate', mar Grou hie al twa plakjes wûn. Visser: "Dy oaren hienen just lest fan elkoar dêr en wy hienen frije wyn."
Net lang dêrnei pakte Grou de kopposysje. En al rap sylde skipper Douwe Visser yn ien rak in hiel ein fuort by Langwar. Boppedat wienen de omstannichheden hjoed stabiler as in pear dagen lyn en dus gong Grou probleemleas op kop.
Langwar hie op it twadde plak ek in grutte foarsprong, mar yn de slotfaze leveren se dochs yn. De Lemmer en Ljouwert kamen tichtby yn it lêste stik foar de finish. De lêste kear troch de gate keas Langwar foar stjoerboard, de twa achterfolgers bakboard. Langwar hold krekt genôch oer en waard twadde.
Mei de winst nimt Grou fierder ôfstân yn it klassemint. De grutste konkurrinten foar oanfang fan de race fan hjoed - De Lemmer, It Hearrenfean en Earnewâld - waarden respektyflik tredde, fiifde en alfde.
Foar de spanning net geweldich, foar Douwe Visser wol: "It giet hartstikke bêst, it mei fan my wol sa trochgean."
De útslach fan de silerij op de Iselmar by Starum en it nije klassemint:
Starum stelde teloar op it thúswetter. It skûtsje fan skipper Auke de Groot hie hope op in moaie start en in soad wyn, mar it mocht net bate: se kamen as lêste oer de finish.
De earstfolgjende wedstriid is moandei op de Hegemer Mar by Wâldsein.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot.