Cambuur Sjoernaal: Harrekyt Wiebe Kooistra is goud wurdich mei lette goal

© Omrop Fryslân
Hy hie noch net earder in wedstriid spile yn it betelle fuotbal, mar by syn debút wie Wiebe Kooistra fuortendaliks goud wurdich foar SC Cambuur. De 17-jierrige Harrekyt skoarde de lykmakker tsjin FC Emmen, djip yn de blessueretiid.
Sjoch hjir nei it earste Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal: Harrekyt Wiebe Kooistra is goud wurdich mei lette goal
It Cambuur Sjoernaal is altyd in dei nei de wedstriid te sjen yn de Omrop-app, de webside en op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Sneons om 18.20 oere is it programma ek te sjen op telefyzje. Presintaasje leit yn hannen fan Andor Faber en Geert van Tuinen.