Sjoch hjir nei de folsleine SKS-wedstriid by Starum

De skûtsjes fan de SKS ha syld op it romme wetter fan de Iselmar. De folsleine wedstriid by Starum is hjirboppe werom te sjen.
In op-en-delbaan: dat moat it wurde op de Iselmar by Starum. "It is in drege baan om 'm der goed yn te hâlden", jout wedstriidlieder Piet Blaauw ta. "As de wyn al draait, hawwe wy it swit op 'e rêch."
Skûtsjes yn it machtige wetter fan de Iselmar (argyf) © ANP
As de wyn westliker wurdt, kin de wedstriidlieding de baan noch ferlizze. "Wy kinne der altyd noch in sânglês fan meitsje, mar foar de strategy en it silen is dit fierwei it moaiste", seit Blaauw.
De rûte by Starum © Omrop Fryslân
Foar de âlde haven moatte de skippers kieze oft sy links- of rjochtsom wolle. It giet om in baan mei twa ûnderste tonnen, dêr't de skippers dus tusken kieze moatte. De boeien foarmje in poarte dêr't de skûtsjes foar de wyn trochhinne moatte, dêrnei kieze se hoe't se wer by de boppetonne komme.
Piet Blaauw fan de wedstriidlieding © Omrop Fryslân
Freed lei der ek in op-en-delbaan yn. It skiftsjen fan de wyn soarge der lykwols foar dat der oan de ein fan de wedstriid gjin krúsrak mear yn siet.

Hastige finish

De wedstriidkommisje koe it sa hurd net mear omlizze en moast in beslút nimme, dêrom socht de Zevenwolden mei gong in plak en waard yn sân hasten de finish yn it wetter smiten. Dêrtroch finishten de skûtsjes allegearre efterinoar, op in rychje.
"Dat is foar de foarste leuk, mar foar de achterste net sa leuk", sei Albert Visser fan it Lemster Skûtsje. Hy stiet no twadde yn it klassemint. Dêr is hy wiis mei, al wit hy ek dat der noch seis wedstriden syld wurde moatte. "Parijs is nog ver", sei er laitsjend.
Foar Albert Visser wie de hommelse finish net bepaald in ramp © Omrop Fryslân
Foar skipper Auke de Groot is de Iselmar it thúswetter, dêr't er hopet wat better te prestearjen as de ôfrûne wedstriden. "Je wolle dat alle dagen, mar op it thúswetter hielendal."
As der sneontemiddei wat mear wyn komt, kinne der wol wat mear weagen komme. "Dêr hat it iene skip wat mear lêst fan as it oare. Wy hawwe it swierste skip, dus dêr soene wy de minste lêst fan hawwe moatte."

It swierste skûtsje

De Groot hopet op in moaie start. "Wy dogge ús bêst. Wy hawwe it gefoel dat wy sa no en dan wat te min túch hawwe, mar wy sjogge hoe't it hjoed giet."
By Ealahuzen hie de Súdwesthoeke neffens de skipper te min gong, al sylde it skûtsje optimaal. "Ik koe net betinke hoe't it noch better koe. Dat is hiel ferfelend."
It is fierwei it swierste skip yn de float. "Ik tink dat wy takom winter alles oan dwaan moatte om dat te feroarjen. Wy binne mei ûndersyk dwaande, binnen de SKS-regels moatte wy sjen wat de mooglikheden binne. Mar dêr moatte wy earst jild foar byinoar garje."
Auke de Groot fan de Súdwesthoeke © Omrop Fryslân
Net allinne De Lemmer en de Súdwesthoeke, mar ek Grou sil der alles oan dwaan om wer safier as mooglik foaroan te sitten, tinkt kommentator Gjalt de Jong.
"Grou hat withoefaak kampioen west en sit faak yn de top trije. Sy steane der no ek ferrekte goed foar, dus sy wolle fansels oanslute."

It grutte wetter

De Jong hopet dat de wyn yn Starum wat oanhellet. "Dat soe foar Starum wol in moaie opstekke wêze. Ik tink wol dat sy altyd de grutste swierrichheden hawwe mei wat it waar docht. Der binne in soad eleminten dy't it dêr dreech meitsje kinne."
De dyk kin in moaie tribune wêze foar it publyk (argyf) © ANP
Waarman Jan Jonkman foarseit dat de wyn yn 'e middei nei it súdwesten draait en oanhellet oant in krêft 4-5 boppen lân en by de Iselmar mooglik oant útsjitters yn krêft 6.
"De letter op de middei, de mear wyn der komt. As se om fjouwer oere klear binne, dat soe prachtich wêze. Want dêrnei hellet de wyn noch wat mear oan."
Jonkman jout oan dat it publyk middeis geregeld sinne ferwachtsje kin, mei in temperatuer om de 22-23 graden hinne.
Dit is op dit stuit de stân yn it klassemint:
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging fan ús analisten en is live te folgjen op telefyzje, radio en fia de livestream op ús webside en app. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot en nei de wedstriid folgje noch neipetearen.