Van Ottele begjint seizoen as basisspiler by Hearrenfean: "Ik wil hier slagen"

Syb van Ottele © Orange Pictures
Der binne by sc Hearrenfean mar twa sintrumferdigeners ynsetber. Fan harren is Syb van Ottele der ien en dus sloech de skrik ta doe't Van Ottele dizze wike blessearre rekke.
De 21-jierrige fuotballer krige tiisdei lêst fan de heup en moast de training ferlitte. It falt lykwols ta en dus kin Van Ottele jûn gewoan meispylje as Hearrenfean it earedivyzjeseizoen iepenet tsjin RKC Waalwijk.
Neist Van Ottele binne oanfierder Pawel Bochniewicz en Sven van Beek oare sintrumferdigeners. Mei Joost van Aken, Jeffrey Bruma en Timo Zaal giene der dizze simmer trije spilers fuort dy't dêr ek spylje kinne. En dus hâldt it net oer op dy posysje.

Van Ottele: slagje yn Fryslân

Hielendal om't Van Beek blessearre is en noch in moanne oan de kant stiet. It betsjut dat Van Ottele de kâns krijt om him sjen te litten oan trainer Kees van Wonderen.
Yn de ôfrûne twaenheal jier dat de Nijmegener no by Hearrenfean spilet, kaam er yn 26 kompetysjewedstriden binnen de linen. Dat betsjut dat er faker op de bank sit as spilet.
Mar as it oan Van Ottele leit, komt dêr no feroaring yn. "Ik blijf gewoon mijn ding doen en uiteindelijk maakt de trainer zijn keuzes. Ik wil hier basisspeler zijn en hier slagen. Vanuit hier wil ik weer een stap maken", fertelt de ferdigener.
Syb van Ottele oer konkurrinsje, ynteresse fan FC Utrecht en de nije spits
In stap meitsje soe er dwaan kinne nei FC Utrecht. Dy klup soe ynteresse yn him hawwe. Fan syn saakwaarnimmer hearde Van Ottele neat, wol fan freonen en famylje. "Die volgen de media ook. Dan hoor je dat soort dingen, maar ik ben gefocust en dan zien we uiteindelijk wel wat er op mijn pad komt."
Der bestiet in kâns dat it it lêste seizoen fan Van Ottele wurdt yn it Abe Lenstra Stadion. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. In klup hat dan trije mooglikheden: de spiler ferkeapje sadat it noch jild opsmyt, it kontrakt ferlingje of neat dwaan en de spiler oer in jier fergees gean litte.
De fraach is wat Hearrenfean wol mei Van Ottele. Dat freget de spiler himsels ek ôf, want: "Ik heb nog niks gehoord. Of ik hier kan verlengen, weet ik nog niet. Ik wacht het gewoon af en dan ga ik die keuze uiteindelijk maken. Misschien doe ik het nog niet goed genoeg, ik weet het niet?"
Het zou mooi zijn als-ie er morgen gelijk drie inschiet.
Syb van Ottele oer de nije spits 'Nico'
De kâns is grut dat der noch mear konkurrinsje komt foar Van Ottele, want Hearrenfean wol noch in ferdigener helje. Ek stiet der noch in bûtenspiler op it listje, dy't it leafst ek ynsetber is as oanfallende middenfjilder. En in twadde keeper.
Koartsein: de seleksje fan de Feansters is noch net rûn. Dochs tinkt Van Ottele dat hy en syn teamgenoaten klear binne foar de seizoensstart. "We hebben over het algemeen een prima voorbereiding gedraaid. Ik ben er klaar voor."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en RKC Waalwijk begjint sneontejûn om 18.45 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. Sportferslachjouwer Arjen de Boer fersoarget it kommentaar fanút it Abe Lenstra Stadion.
De nije spits, Ion Nicolaescu, begjint fuortendaliks yn de basis. Dat moat mear gefaar foar de goal opsmite, tinkt Van Ottele. "Dat was een aandachtspunt voor ons want we kwamen niet echt tot kansen. Het zou mooi zijn als-ie er morgen gelijk drie inschiet."