'Is hjir noch wat te rêden?': in nij ferhaal foar Fryslân foar de Fryske casus

As de skiednis fan Fryslân better ûndersocht wurdt, kin dy mooglik antwurden jaan op driuwende fragen foar de kommende tiid. Yn de FryslânDOK 'Is hjir noch wat te rêden?' wolle de Fryske Akademy en it Nordfriisk Instituut gearwurkje om ta in breder en nij ferhaal te kommen foar 'de Fryske casus'.
De direkteuren fan beide wittenskiplike ynstellingen makken dat stribjen kenber op it Friesen-droapen, in moeting fan Friezen út alle regio's.
Ienris yn de trije jier komme op Helgolân goed twahûndert Friezen út alle Fryske gebieten byinoar, fan West-Friesland oant Nordfraschlönj. Dit saneamde Friesen-droapen stiet yn it ramt fan de kulturele oerienkomsten tusken de gebieten.
Sjoch hjir nei de dokumintêre:
Fêst hichtepunt is dan ek de 'Trachtentanz' wêryn't de dielnimmers inoar folksdûnsjend har moaiste klaaiïnge (tradisjonele klean) toane.
Mar hiel feestlik wie de moeting dit jier net, doe't de Friezen elkoar fan 't maitiid wer troffen op Deät Lun, sa't Helgolân yn de eigen taal hjit. Want mei dy eigen taal giet it striemin, sawol op Helgolân as yn eins alle Dútske gebieten.

Op Helgolân sprekt noch mar minder as tsien persint fan de ynwenners it Frysk - dat se dêr Halunder neame. Op skoalle wurdt net mear lesjûn yn de eigen taal. En ek op de oare Dútske Waadeilannen, likegoed as op de fêste wal yn Nordfriesland, buorket de taal hurd achterút.
Organisaasjes liede de needklok en freegje de Dútske oerheid om mear stipe, sadat bygelyks it Frysk yn it ûnderwiis in nije ympuls krije kin.
Op it Friesen-droapen wurdt dan ek omraak diskusjearre oer de fraach wat de Friezen wol en net ferwachtsje fan de oerheid en fan it ûnderwiis. Dêrby rinne mieningen bot útinoar, fan organisaasjes dy't har bot ynspanne wolle foar it behâld fan it Frysk oant de boargemaster fan Helgolân dy't earlik tajout dat it Frysk foar him 'kein Priorität' hat.

It is mei om dy reden dat direkteur Nelleke IJssennagger fan de Fryske Akademy har mei har kollega Christophe Schmidt fan it Nordfriisk Instituut yn Bredstedt foar it earst sjen lit op it eilân.
Fryske casus
Beide wittenskippers tinke dat it goed is as de Friezen better yn de kunde komme mei de 'Fryske casus', in oerkoepeljende namme foar alle ûndersyk dy't dien wurdt yn de Fryslannen, op it mêd fan skiednis, archeology, taal, kultuer en natuer. It is de oertsjûging fan IJssennagger en Schmidt dat dy Fryske casus noch folle better út te djipjen falt.
Op Helgolân besykje se de leafhawwers fan de Fryske kultuer dêrfoar te ynteressearjen. Schmidt: "It falt my op dat de Fryske aktivisten op dizze byienkomst de wittenskip net goed kenne. Se fertelle ferhalen dy't ik bêst aardich fyn, mar dy't gjin hannen en fuotten hawwe."

Mear ûndersyk soe net allinnich barre moatte om de skiednis better te begripen, mar krekt om út dy skiednis wei antwurden te finen op fragen fan hjoed-de-dei. De Fryske gebieten wienen yn de midsiuwen sawat de iennige fan Europa dêr't gjin sterk sintraal gesach wie; wylst krekt yn dy tiid de minsken har lânskip en mienskip foarmjoegen.
Sa ûntstie de unike sitewaasje dat Friezen eins as iennigen sels ferantwurdlik wienen foar it opstellen fan wetten en regels, mar ek sels de ferantwurdlikheid droegen foar it beskermjen fan folk en fee tsjin de see.
IJssennagger: "We hawwe in hiel soad skiednis dy't we diele yn de Fryske gebieten, en dat kin ek wat betsjutte foar it no en foar de takomst."

Beide direkteuren wolle ûndersyk yn allegear ferskillende dissiplines mei inoar bondelje, omdat der allerhande dwersferbannen lizze tusken kultuer en natuer, skiednis en takomst.
IJssennagger: "Ik tink dat ús dat ynsichten jaan kin, dat kin ús helpe mei de tema's fan de takomst. Hoe gean we om mei ús lânskip, de natuer, ús erfgoed? Nei datsoarte fan fragen kinne we dan better sjen. En dat kinne we dan wer útwikselje mei oare kultueren, om fan elkoar te learen."
FryslânDOK 'Is hjir noch wat te rêden?' (werhelling fan 10/11 desimber 2022)
- Sneon 12 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.10 oere)
- Snein 13 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele