Opposysje wol dúdlikheid fan deputearre Wiersma oer útspraken "biologysk minder promoatsje"

© Omrop Fryslân
De Steatefraksjes fan PvdA, GrienLinks, SP, D66 en Partij voor de Dieren wolle dúdlikens oer de feroarings dy't mooglik trochfierd wurde yn de lânbou-aginda fan de provinsje.
Deputearre Femke Wiersma die de ôfrûne wike útspraken dêroer yn de Ljouwerter Krante. "We moatte biologysk minder promoatsje", sei se. De BBB-deputearre fynt dat biologysk en natuerynklusyf buorkjen no oplein wurde. De fiif partijen wolle witte hoe't se dêrby komt.
Neffens de partijen, allegear yn de opposysje, stiet yn de Friese Landbouwagenda dat de kar altyd by de boer sels leit en dat de provinsje neat oplizze kin. De provinsje kin allinnich mar helpe by de kar oer de bedriuwsfiering. Se fine dat de útspraken fan de deputearre bûten de realiteit stean.
Boppedat liket it der neffens de fiif partijen op dat Wiersma de lânbou-aginda "op basis van haar eigen inzichten" iepenbrekke wol, wylst de provinsje en agrarysk ûndernimmers no just gearwurkje foar in bettere merke foar biologyske produkten.
De Friese Landbouwagenda is yn 2021 fêststeld en rint oant 2030. It doel is om de oerstap nei in duorsumere foarm fan lânbou makliker te meitsjen.