Ald Appelskeaster museum wurdt doarpshûs

It gebou dat aansens sloopt wurdt stiet oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea © Omrop Fryslân
It âlde 'kookmuseum' fan Appelskea wurdt in mienskipssintrum. De PKN-tsjerke Appelskea hat it kocht en wol der in folslein nij gebou delsette. It moat in romte wurde wêr't eltsenien út it doarp wolkom is.
It gebou oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea is swier fertutearze. Oan de sydkant binne de ruten tichttimmere, op it dak sit de goate los en groeit der gers tusken de dakpannen.

In foarsjenning dy't mist

"Het is de bedoeling dat dit een centrum wordt waar wij zaken concentreren die in het dorp ontbreken", seit skriuwer Jasper Stimm fan it kolleezje fan rintmasters fan PKN Appelskea. "Het is dan wel van de kerk, maar je hoeft niet kerkelijk te zijn om hier te komen."
It is in foarsjenning dy't no ûnbrekt yn it doarp: it museum wurdt in mienskipssintrum
Earst wie der it plan it gebou op te knappen. Dat rint allinnich bot yn de papieren. No leit der in ûntwerp foar nijbou. "We willen dat er een semi-gladde vloer in komt te liggen om hier te kunnen dansen", seit Stimm. "Het plafond komt ook hoger, zodat het gebruikt kan worden voor lezingen of filmvoorstellingen."
De belangrykste funksje moat neffens Stimm it moetingsplak wurde. Der komt in moderne keuken yn dêr't minsken ferskate kearen yn de moanne ite kinne. "Juist om elkaar te ontmoeten. Ouderen kunnen hier komen voor koffie of een maaltijd, juist om niet eenzaam te zijn."
Der wurdt noch socht om jild foar de nijbou © Omrop Fryslân
Op de boppeferdjipping komme twa krisiswenten. "Dat is op verzoek van het Leger des Heils. Mensen die gescheiden zijn, kunnen hier dan een veilig onderkomen vinden."
It jild dat nedich is, ha se noch net. It giet al gau om in fiif ton. Dêrfoar wolle se rûn yn it doarp, mar ek tal fan fûnsen wurde oanskreaun. Takom jier moat de sloop úteinsette, de nijbou moar dan ein 2025 klear wêze.