De Lemmer nimt mei twadde deipriis yn SKS revâns foar diskwalifikaasje

Skipper Albert Visser oan it helmhout © Martin de Jong Fotografie
It skûtsje fan De Lemmer hat de twadde deipriis fan it kampioenskip te pakken. De Lemmer wie as earste by de boppenste tonne, en joech dy foarsprong net mear út hannen.
Foar it earst dit jier wie der genôch wetter om in op-en-del-baan te farren. Dat is in baan mei twa ûnderste tonnen. Skippers meie dan sels kieze oft se links- of rjochtsom farre wolle.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid
Doe't de skûtsjes foar de tredde kear by de ûnderste boeien wiene, wie de wyn sa bot draaid dat der fan in echte wedstriid gjin sprake mear wie. In krúsrak wie der net mear, en de kommisje koe de boeien sa gau net mear ferslepe. De finishflagge gong omheech, en binnen in minút kaam De Lemmer al oer de streek.
"Foar de wedstriid wol spitich, mar wy fûnen it net sa slim", seit skipper Albert Visser fan De Lemmer.
Samar ynienen leit de finish deryn
Mei de winst naam De Lemmer revâns op de wedstriid fan in dei lyn. Doe krige skipper Albert Visser 14 punten oan de broek trochdat er in protest ferlear fan d'Heale Moanne.
Der stie in moaie wynkrêft fjouwer op de Fluezen by Ealahuzen, en by de start wiene de skippers like happich as altyd. Pas de tredde kear wie de start net hielendal falsk, al wiene Huzum en De Jouwer wol te betiid. Dy twa moasten werom.
Miskien wol de grutste ferrassing fan de dei wie it skûtsje fan Snits. De Sneeker Pan kaam as tredde om de boppenste tonne, en in ronde letter lei skipper Jappie Visser fan Snits sels op it twadde plak.
Jappie Visser: "Ik ha de hiele moarn yn de mêst hong"
Mearfâldich winner Grou lei op it fjirde plak, mar waard ynhelle troch it Earnewâldster skûtsje mei debutearjend skipper Sieberen van Terwisga.
Sjoch hjirûnder foar de folsleine útslach fan de wedstriid by Ealahuzen en it klassemint oant no ta.
De earstfolgjende wedstriid is sneon op de Iselmar by Starum.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot.