Nicolaescu begjint fuortendaliks yn de basis by Hearrenfean: "Het juiste moment"

De nije spits Ion Nicolaescu makket sneon syn basisdebút by sc Hearrenfean. It is noch mar in pear dagen lyn dat er presintearre waard, mar trainer Kees van Wonderen smyt him fuortendaliks foar de liuwen.
Hearrenfean krijt sneon RKC Waalwijk op besite yn de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen. "Het is gelijk het juiste moment om in de ploeg te komen om gewend te raken aan de afspraken die we hebben. Dat kun je het beste in een wedstrijd doen", seit Van Wonderen oer 'Nico'.
In oare wichtige reden om foar de Moldavyske nijeling te kiezen is dat er fit is. "Hij heeft een goeie voorbereiding bij zijn vorige club gehad en Europese wedstrijden gespeeld", doelt Van Wonderen op de kwalifikaasje fan de Conference League.
Mei syn foarige klup, Beitar Jeruzalem, spile er twa wedstriden tsjin it Grykske PAOK Saloniki. Hiel suksesfol wie dat net: oer beide duels waard der mei 4-1 ferlern.
Trainer Kees van Wonderen fertelt oer Nicolaescu en Karlsbakk
De yndruk dy't Van Wonderen nei de earste trainingsdagen hat fan Nicolaescu is in positive. "Hij heeft zelfvertrouwen en is overtuigd van zichzelf. Hij maakt makkelijk goals."
Mar, sa seit de trainer fan de Feansters: "Hij moet ook wennen aan een andere omgeving, een ander team met andere afspraken. Je moet hem ook nog wel even de tijd geven om helemaal in zijn optimale vorm te komen."
Hall by de seleksje
It wikseljen fan de spits liket de iennige wiziging te wêzen yn de basisopstelling. Ferline wike yn de lêste oefenwedstriid tsjin FC Metz begûn Pelle van Amersfoort yn de spits, mar hy foel blessearre út. Hy sil in oantal wiken ûntbrekke fanwege in hamstringblessuere.
Fierder sil de opstelling fan de Feansters nei alle gedachten itselde wêze as yn it duel mei FC Metz. Syb van Ottele hie dizze wike noch wat lest, mar is op tiid opknapt om sneon te spyljen. De nije rjochterferdigener Denzell Hall sit foar it earst op de bank.
Van Wonderen wol him net drok meitsje oer dat de seleksje noch net kompleet is
Nei it duel mei Metz sei de Hearrenfeantrainer dat er him wol soargen makket en dat de seleksje noch net rûn is. Der is no in nije spits, mar der sil noch mear bykomme moatte.
It is lykwols net sa dat Van Wonderen de hiele wike mei in segrinich gesicht troch it stadion rint. "Het is nou eenmaal de realiteit en ik denk dat ik me daar niet al te druk om moet maken, want ik heb daar geen invloed op."
Dochs sjocht de coach út nei de kompetysjestart. "En niet alleen ik: iedereen kijkt ernaar uit om de voorbereiding af te sluiten en te beginnen om het 'echie'. Ik ben heel erg benieuwd hoe wij een vervolg zetten op onze voorbereiding."
RKC Waalwijk
Tsjinstanner RKC Waalwijk seach ôfrûne simmer wichtige spilers as Pelle Clement, Vurnon Anita en Mats Seuntjens fuortgean. Boppedat kaam der mei Henk Fräser in nije trainer by de Brabanners.
It makket dat Van Wonderen net hielendal wit wat er ferwachtsje kin sneon.

It sil sneontejûn in miny-reüny foar Hearrenfean wurde, want it komt Jeffrey Bruma tsjin. De ferdigener spile it ôfrûne healjier noch yn it Abe Lenstra Stadion, mar ferruile de klup foar it giel-blau fan RKC. Ek Filip Stevanovic is in âld-Hearrenfeanspiler dy't no yn Waalwijk spilet.
En dan is der noch Geert-Arend Roorda. De 35-jierrige âld-fuotballer is assistint fan Fräser. Hy begûn syn karriêre yn it Abe Lenstra Stadion en groeide, om't er út Fryslân komt, út ta in publyksfavoryt.
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en RKC Waalwijk begjint sneontejûn om 18.45 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. Sportferslachjouwer Arjen de Boer fersoarget it kommentaar fanút it Abe Lenstra Stadion.
Halilovic en Timossi
Hearrenfean driuwt Tibor Halilovic en Alex Timossi nei de útgong. It twatal mei fuort en hat syn lêste wedstriid spile foar de klup, want Van Wonderen sil harren net mear opnimme yn de wedstriidseleksje.