Fakânsjepark Hylpen nei gaseksploazje minimaal noch in wike ticht

It fakânsjepark fan EuroParcs yn Hylpen bliuwt teminsten noch in wike ticht. It park is woansdei sletten fanwegen in gaseksploazje, dy't in sjalet folslein opblaasd hat.
De sjalet dy't de loft yn gong wie krekt nij en noch net bewenne. In buorfrou rekke wol ferwûne. "Naar omstandigheden gaat het goed met haar", seit Yvonne Damhoff, wurdfierder by EuroParcs. "Zij heeft woensdag na behandeling het ziekenhuis dezelfde dag nog verlaten."
It is net dúdlik wat de oarsaak fan de eksploazje is. "Die is nog niet bekend. Daar wordt door de technische recherche onderzoek naar gedaan."

"Het terrein is inmiddels wel weer vrijgegeven", fertelt Damhoff. Dat betsjut dat der opromme wurde kin. En dat is neffens har noch in hiele opjefte. "Je kunt je voorstellen dat door de impact heel veel materiaal overal op het terrein ligt."
Feiligens
Dat it park net earder as takom wike freed iepen kin, hat te meitsjen mei it ûndersyk en dy wurksumheden. "Nabijgelegen chalets hebben ook schade aan de buitenkant, ook andere chalets worden nog gecheckt."
It park giet foarearst út fan in ynsidint en is net benaud dat sa'n eksploazje samar wer foarkomme kin. "Toch nemen we de veiligheid in acht en openen we pas als we de veiligheid kunnen garanderen."
De gasten op it park ha begryp foar de situaasje, seit Damhoff. Sy binne omboekt nei in oar park. "Met gasten voor deze en volgende week hebben we contact opgenomen, zij krijgen ook een ander park toegewezen. Het is wel hoogseizoen, maar tot nu toe gaat dat goed."