De sinnefertsjustering fan 11 augustus 1999: Fryslân yn 'e besnijing fan de eklips

De eklips fan 1999 © Omrop Fryslân
Foar it earst sûnt it jier 1715 soe der op 11 augustus 1999 in folsleine eklips fanút Nederlân te sjen wêze. Dêrby ferdwynt de sinne in skoftke folslein achter de moanne.
Allinnich de strielekrâns fan de sinne, de corona, wurdt dan sichtber. Ek al soe it mar twa minuten duorje, yn de oanrin nei de eklips fan 1999 rekken hieltyd mear minsken yn de besnijing fan it barren.
Touroperators organisearje busreizen nei plakken dêr't de fertsjustering optimaal te sjen is. Eklipsbrillen, dêr't feilich mei nei de sinne sjoen wurde kin, fleane de winkels út.
Eklipsbrillen geane ein july 1999 as waarme broadsjes oer de toanbank, en touroperators springe ek handich op de eklipsgekte yn
De moanne beweecht wol faker foar de sinne del, mar it barren yn augustus 1999 is sa unyk omdat it om in folsleine eklips giet. Dy is hieltyd mar op in pear plakken op de wrâld te sjen. De moanne moat eksakt op ien lijn mei de sinne stean, ast de folsleine fertsjustering sjen wolst.
Fryslân leit yn 1999 yn dy baan, ek al is de fertsjustering yn it noarden fan Frankryk en it suden fan Dútslân noch krekt wat better te sjen. De grutte fraach is fierder hoe't de natuer op de sinnefertsjustering reagearje sil, want dêr is net safolle oer bekend.
Yn 't foar wurdt der sa'n drokte oer it fenomeen makke, dat twa dagen foar de grutte dei de busreizen en eklipsbrillen útferkocht binne
De ferwachting is dat it barren in hiel soad yndruk meitsje sil. Mar op 11 augustus 1999, de dei fan de eklips, falt it allegearre dochs in bytsje ôf. Wolken bedjerre it foar it grutste part by de sinnefertsjustering yn Fryslân.
Aldergeloks bruts op De Lemmer de bewolking op it alderlêste momint iepen op it plak fan de sinne
De organisaasje fan de Freulepartij yn Wommels hâldt ek rekken mei de fertsjustering, mar dat wie net nedich. It wie dêr ek bewolke, dus it keatsen koe gewoan trochgean.
Guon taskôgers fan de Freule hiene wol it ien en oar meinommen om feilich nei de fertsjustering sjen te kinnen, mar dat ark koe yn de bûse bliuwe
Eltsenien belibbe de eklips op syn eigen wize. Der wiene ek guon dy't de sinnefertsjustering as in spirituele ûnderfining meimakken, in momint fan bewustwurding fan it plak fan de minsk yn de kosmos.
By Boalsert gie in groep minsken op 11 augustus 1999 de greide yn om it ferskynsel midden yn de natuer te ûndergean
Ek al waard it net hiel tsjuster, de natuer reagearre wol fuortendaalks op de sinnefertsjustering. It waard fluch fris en ynsekten en fûgels hâlden harren op it stuit fan de eklips hiel stil. Ek waard der meld dat kanarjes harren begûnen op te himmeljen en in knipperke diene.
De folgjende kear dat der yn Nederlân in folsleine eklips te sjen is, is pas yn it jier 2135.