Liveblog | 11 augustus 2023

112-nijs fan 11 augustus: Ekstra kontrôles op Flylân | Ynbrekker Burdaard langer fêst

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 11 augustus 2023, 20:01
20:01

Flylân: hûn oan de riem op Waaddyk

De gemeente Flylân ropt hûnebesitters op om harren bist op de Waaddyk oan de riem te hâlden. De lêste tiid krijt de gemeente hieltyd faker klachten oer losrinnende hûnen op de dyk.
"Wat misschien niet bij iedereen die wel eens een hond uitlaat bekend is, is dat de Waddendijk onderdeel is van de bebouwde kom. En binnen de bebouwde kom moeten honden aangelijnd zijn", skriuwt de gemeente. Dêrom wurdt de kommende tiid stranger kontrolearre en, as dat nedich is, ek hanthavene.
"Wij verzoeken hondenbezitters vriendelijk om hun viervoeter(s) binnen de bebouwde kom van Vlieland, dus ook op de dijk, altijd aan de lijn te houden."
09:45

Stellerij yn Dokkum

Der is guod stellen by de Grutte Tsjerke yn Dokkum. De achterdoar wie iepenbrutsen, dêrop binne de dieder(s) útnaaid mei twa klûzen, mei dêryn it nachtmielsulver, de kollekte-opbringst fan ôfrûne snein en in bibel.
"Hûnderten jierren lang is dy avondmaalset brûkt, dus der leit in hiele histoarje oan ferbûn. It is in grut drama", seit tsjerkelid Minne Boelens.
08:50

Foararrest ynbrekker Burdaard ferlinge mei 90 dagen

It foararrest fan in ynbrekker dy't yn juny op 'e die trappearre waard troch de plysje, is ferlinge mei 90 dagen. Ut ûndersyk dat dien is nei oanlieding foar de oanhâlding kamen noch tsien oare saken nei foaren. It giet ûnder oare om stellerij en ynbraken yn Burdaard en Wânswert.
Een aanhouding © Politie