Flechtlingen komme yn Ljouwert yn kontakt mei elektroanyske muzyk

Artem út Oekraïne en Saim út Pakistan © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Maatskiplik wurkorganisaasje Solidair Friesland set in simmerprogramma op mei workshops foar flechtlingen. Sy leare oer de Nederlânske kultuer, lykas de elektroanyske muzyk.
"Wy hoopje dat de flechtlingen foar efkes de holle by oare dingen ha kinne", seit Geeske de Vries fan Solidair Friesland. Sy is ien fan de organisatoaren fan it projekt. Yn de seal fan poppoadium Neushoorn krije tsien flechtlingen útlis oer de elektroanyske muzyk. Sy sitte oan in tafel mei in DJ-set. De begelieder jout útlis oer de draaitafel.
Geeske de Vries van Solidair Friesland © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De lessen binne seis wiken lang, ien kear yn de wike. Yn de middei binne de jonge bern oan bar, jûns benammen tweintigers. "Dizze minsken ha allegear in ferhaal te fertellen en sitte no de hiele dei op in keammerke. Wy wolle sy derút helje en foar efkes it gefoel fan wearde jaan."

Earste kear

De les fâlt goed by de flechtlingen. "Ik fyn it fantastysk," seit Artem út Oekraïne. "Ik fyn it moai ik hjir wat fan leare kin. Dit is de earste kear dat ik sa'n DJ-set fan tichtby besjoch en dus is it wol efkes wenne. Mar dat moat fansels wol goed komme."