Jurjen Pal (96) soarge foar nij Ynjemonumint: "It docht my echt wat at ik dit sa sjoch"

Jurjen Pal (lofts) en Rokus Greebe © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It Hearrenfean krijt der in nij Ynjemonumint by. Inisjatyfnimmer is de 96-jierrige Jurjen Pal, dy't trije jier lang tsjinne yn de oarloch.
"It docht my echt wat at ik dit sa sjoch", seit Pal wylst er nei it monumint dat njonken histoarysk Museum Heerenveen stiet sjocht. Keunstner Rokus Greebe is noch drok dwaande om it monumint ôf te meitsjen.
Hy stiet mei in giele bal yn de hân dy't boppeop in lange sokkel komt te stean. Yn de sokkel is in plakette ferwurke mei de nammen fan fiif sneuvele soldaten. "Ien fan harren wie in freon fan my", seit Pal.
It Hearrenfean hat der in nij Ynjemonumint by
Yndonezië focht fan 1945 oant 1949 in oarloch út mei Nederlân oer de ûnôfhinklikheid. Pal tsjinne trije jier yn it leger en hy rekke dêr freonen kwyt. "Ik krige in brief dat in freon fan my fermist rekke wie. Piet Roda wie op in patrûlje mei en dêrnei is der nea wat mear fan him heard. De folsleine patrûlje is nea werom fûn."
Hy is meigongen. Dat hat him syn libben koste.
Jurjen Pal, feteraan
"Piet wie ek noch in jonge dy't eins net iens mei soe. Hy wurke eins op kantoar, mar om't der te min soldaten wiene, is hy meigongen. Dat hat him syn libben koste."

Freeslike tiid

Pal kaam sels yn 1949 werom nei Nederlân. "It wie in freeslike tiid. De dea is dan sa tichtby en dat docht enoarm sear. It is ûnwerklik at je it libben sa gean litte moatte. It giet om jonges fan tweintich jier en dan is it alwer klear. At je dêr oan werom tinke, dan docht dat noch sear."
Keunstner Rokus Greebe © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Om syn traumatyske skiednis in plakje jaan te kinnen, woe Pal graach in Ynjemonumint op It Hearrenfean ha. Dêr wie al in plakette, mar dy wie net goed sichtber. Hy betelle alles foar it monumint sels en frege keunstner Rokus Greebe om wat te meitsjen. "Ik wil dat gevoel van Indonesië naar boven halen", seit Greebe.
Hy pleatst de giele bol op it monumint en makket der griene palmblêden oan fêst. "Het is opgebouwd uit lagen. De rode onderkant moet de aarde van Indonesië voorstellen en zo ga je langzamerhand naar boven. De gele bal is de zon, maar tegelijk ook de maan. In Indonesië heb je geen schemering, maar gaat het leven van dag gelijk over op nacht. Dat wilde ik meenemen in dit monument."

Betinking

Pal is bliid mei it nije monumint, mar stiet ek mei mingde gefoelens te sjen. Syn frou makke har sterk foar it monumint, mar sy kin der troch in hertoanfal net mear by wêze. "Dat is fertrietlik, mar ik hoopje dat sy dit dochs in bytsje meikrijt."
Tiisdei 15 augustus is der in betinking fan de oarloch. Dy sil by it nije monumint barre.