Sels nei alle rein is de drûchte noch flink sichtber yn De Houtwiel

Al foel der yn de ôfrûne wiken aardich wat rein, de gefolgen fan de tige drûge perioade dêrfoar binne noch hieltyd sichtber. Yn sompegebiet De Houtwiel by De Falom hat it noch altyd gefolgen foar floara en fauna.
Boskwachter Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear sakket troch de knibbels en wiist nei de boaiem. "Hjir sjochst it keale, ferdrûge fean", seit er. De drûge tiid earder dit jier hat syn wjerslach hân.
De drûchte hat syn spoaren neilitten, seit boskwachter Jakob Hanenburg
"Der sitte in soad krimpskuorren yn troch de drûchte. Der stiet no wetter op, mar it binne noch allegearre losse stikjes fean. Dat is net de bedoeling."
It gers foarmet allegearre pôltsjes, dy't oaninoar klitsje. "Sy slute de boaiem ôf fan ljocht, wêrtroch't it sied fan bloeiende blommeplanten it neisjen hat. Dat is ek wer skande foar in soad ynsekten, dy't úteinlik wer iten binne foar fûgels", fersuchtet Hanenburg. "Alles stekt moai yninoar, mar dat makket it wol kwetsber."

Seldsumere plantesoarten wurde oerwoekere, it bioferskaat hat dêrtroch te lijen fan de drûchte. Dochs binne der noch wol moaie soarten te finen. It sompefioeltsje, de weewoartel, de blaugerssigge, it trijekantgers. "Der is noch fan alles te belibjen", seit Hanenburg.
Grutte opjeften freegje tiid
In oplossing fine giet net oer ien nacht iis, want der lizze flink wat opjeften. "Hoe komt it mei de drûchten? Hoe bot binne wy by steat om mear wetter fêst te hâlden? Kinne wy it werstelle?"
Hanenburg ferwachtet dat it in dreech proses is. "Stel dy foar datst op in grutte oaljetanker sitst en oan it roer draaist. Dan duorret it ek even foar't der wat bart. Sa'n proses giet stadich, yn dy kontekst moatst dit ek sjen."