Al hûndert jier dowemelke op De Jouwer: "Wy binne in útstjerrend ras"

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fergrizing by de dowemelkers, mear regels om it dierewolwêzen, kompjûter, chips en antennes by de wedstriden; de dowesport is yn in iuw tiid bot feroare. Dat kinne se by doweferiening De Zwarte Doffer op De Jouwer witte. Dy fiert op 23 augustus har 100-jierrich bestean.
Yn dy 100 jier is der in soad feroare. Eartiids wie de registraasje by wedstriden mei in gummyring en in klok. Hjoed-de-dei hawwe de dowen in chip en binne se ûnderweis te folgjen.
By thúskomst moatte se oer in antenne fleane en kin de dowemelker de tiid fêststelle mei de kompjûter. De sjarme is der hjir en dêr wol wat ôf, fynt foarsitter Iepe Jelsma. "Doe wie it folle moaier. Eltsenien hie dy gummyringen en it wie de keunst om dy dingen binnen te krijen."
Doweferiening op De Jouwer bestiet 100 jier
De modernisearring hie as gefolch dat leden dermei ophâlden. "Dy moasten sa'n bakje oanskaffe en dat wie yn it begjin frij prizich", wit Jelsma. "In pear hawwe de Mercedes ûnder de klokken en dy kostje gau in pear tûzen euro. Dat hat lang net eltsenien klearlizzen foar in hobby."
Eekhof mei in wedstriidboekje út 1935 © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De namme fan de klup is ûntstien troch it foarfal fan in do dy't mei syn gummyrinkje it hok net yn woe, mar op dak sitten bleau. "Us pake helle de buks út it hok en dy hat dy do fan it hok ôfsketten, gummyrinkje ôf en klokke", fertelt kluplid Pieter Eekhof.
"Hy wie earste en hy koe it hiele jier foer betelje fan it prizejild. En dat wie in swarte doffer, sadwaande binne se oan de namme 'Zwarte Doffer' kaam."

Bistewolwêzen

Mei it omtinken foar it wolwêzen fan bisten is soks tsjintwurdich net mear mooglik en ek it ferfier fan de dowen is folle mear oan regels bûn. "Der sit airco yn en der is wetter", leit Eekhof ut.
"As it hiel waarm is, meie der folle minder dowen yn de koer en boppe-yn de frachtwein meie se ek net ferfierd wurde, omdat de waarmte nei boppen giet. En dan wurdt it dêr te hyt. Alles wat it dierewolwêzen ferbetteret, dat ha we."
De âldste do fan Jelsma is 17 jier © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn in iuw tiid is de dowesport folle profesjoneler wurden. Der binne minsken dy't der fan libje moatte, seit Eekhof. "Yn de tiid fan myn pake wienen dowen de hurddraafhynders foar de arbeiders. In do yt safolle net as in hynder. It wie goedkeap en se hienen wat om hannen."

Bloedfanatyk

Somtiden giet it om kapitalen. Eekhof wit fan in do dy't 1,1 miljoen euro koste hat. "Yn Sina wurdt der noch in hiel soad op dowen gokt en dêr binne se grutsk op in djoere do. Hjir is dat net mear sa en by ús klup is it gelokkich allegear hobbymjittich, al binne der wol bloedfanatike leden by."
Pieter Eekhof en Iepe Jelsma yn it ferieningsgebou © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It tal dowemelkers nimt ôf (De titel melker komt fan de brei of molke dy't in do oan syn jonge piken fuorret). By Jelsma en Eekhof siet it yn de famylje. "Ik sit der al mear as 65 jier yn", seit Jelsma. Syn heit hie se al. "Hy mocht in winsk dwaan, neidat er troch it iiis sakke wie en hjir by Heremastate út it wetter helle is. Hy woe graach in pear dowen hawwe."
Sels hat Jelsma mear as fjirtich dowen, mar opfolgers binne der foar him net. "It sil dus in kear ophâlde. Sa is it dochs."

Net in soad oanwaaks

"Wy krije in hiel lyts bytsje oanwaaks, want de jeugd hat gjin tiid en at je doweleafhawwer binne, dan kostet it gewoan tiid", wit Eekhof. "Ïk bin der yn grut wurden. Myn pake, hie dowen, trije omkes fan my hienen dowen. By ús yn de steech wienen miskien wol acht doweleafhawwers, dus je seagen it ek altyd. Hoe't it komt, dat witte we net. Ik sis altyd: wy binne in útstjerrend ras."