Noch gjin plan foar it lossen fan auto's op Fremantle Highway

In part fan de auto's op de Fremantle Highway, it skip dat op 26 july yn brân fleach op de Noardsee boppe It Amelân, is fersmolten mei de dekken. Wat der mei dy auto's barre moat, is noch net dúdlik.
"De dekken zijn heel zwaar beschadigd en slecht te betreden", seit topman Peter Berdowski fan maritym tsjinstferliener Boskalis tsjin de NOS. De 1.000 auto's op de ûnderste dekken binne neffens Berdowski noch goed te ferslepen. Eksperts fan autofabrikanten binne ûnderweis om te sjen oft der auto's lost wurde kinne.
Boppeste dekken it swierst troffen
Ut ynspeksjes die earder al bliken dat de boppeste dekken troch de ekstreme hjitte it swierst troffen binne. Op de ûnderste fjouwer dekken liket de lading noch yn reedlik goede steat. Ek de masinekeamer fan it skip is noch yntakt.

De Fremantle Highway mei oant 14 oktober yn de Eemshaven lizzen bliuwe. Dêrnei moat der in oar skip lizze. Wêr't it frachtskip dan hinne giet, is net dúdlik. Neffens Berdowski giet it skip dan nei in plak foar reparaasje of sloop.
Bemanningslid ferstoarn
De Fremantle Highway waard ferline wike nei de Eemshaven fersleept neidat der op de Noardsee brân útbruts yn it skip. Dat barde yn de nacht fan 25 op 26 july. Fanwege de fûlens fan de brân moasten alle 23 bemanningsleden fan board. Ien fan harren kaam om it libben doe't hy fan grutte hichte oerboard sprong, oaren rekken ferwûne.

Nei de oarsaak fan de brân wurdt noch socht. De Onderzoeksraad voor de Veiligheid assistearret dêrby de Panameeske autoriteiten. Dy fiere it ûndersyk út, omdat it skip ûnder Panameeske flage fear. Ek de Japanske rederij Shoei Kisen Kaisha, eigener fan it skip, wol tegearre mei oare partijen ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de skipsbrân.