Fotofinish op Langwarder Wielen nei fenomenale ynhelrace Hearrenfean

It wie miskien wol de spannendste finish ea by it skûtsjesilen. Oan de ein fan de wedstriid wie it ferskil net grutter as in heale meter. Hearrenfean wûn.
De skûtsjes fan Grou en Hearrenfean kamen board oan board op de finish oan op it wetter by Langwar. Hearrenfean lei foaroan, mar koe de line net oansile. Troch yn de wyn op te stjoeren kaam skipper Sytze Brouwer as earste oer de streek.
De finish yn 30 sekonden
"Revansj foar 2018", seit Brouwer direkt nei ôfrin. Yn dat jier striden Grou en Hearrenfean net om de deipriis, mar om it kampioenskip. Doe wie it ferskil op de finish in goeie skipslingte, yn it foardiel fan Grou.
Yn de lêste minuten fan de wedstriid gie by Grou de trukedoas folslein iepen. Skipper Douwe Visser stjoerde syn skûtsje troch de wyn om foarrang op Hearrenfean ôf te twingen, mar Hearrenfean koe ek krekt op 'e tiid draaie.
De lêste minuten fan in wedstriid ha noch noait sa spannend west
No seach it der lang nei út dat Grou de deipriis maklik pakke soe. Hearrenfean kaam as ien fan de lêsten út de start, mar sylde in fenomenale wedstriid. Yn ien rak sylden de Feansters de heale float foarby.
Miskien wie it in gelokje, mar miskien wie it ek wol in magistraal ynsjoch yn de wyn.
Nei ien komplete rûte lei Grou rom foarop, en Hearrenfean kaam as achtste om de ûnderste tonne. Dêr keas skipper Sytze Brouwer in oare slach, en in draaiing fan de wyn pakte geunstich foar him út. Yn ien kear sylde hy sân skûtsjes foarby, en by de boppenste tonne lei er foaroan.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid
Mei de deipriis naam Hearrenfean net allinne revansj op 2018, mar ek op de wedstriid by Grou. Doe sloech it skûtsje om, en krige Hearrenfean de folle 14 punten.
Oant de finish wie it spannend. Even seach it der nei út dat Grou it earste plak werom pakke koe, doe't Hearrenfean mei in opsjitter om in tonne hinne moast dy't Grou rom besile koe, mar in tonne letter wie Hearrenfean noch hieltyd foar.
Sels in masterlike manoeuvre fan Grou, dy't oer bakboard besocht Hearrenfean oan de kant te twingen, koe dêr neat mear oan feroarje.
Sa klinkt in fotofinish op de radio: "Hearrenfean! Hearrenfean! O jongejongejonge!"
De Lemmer en d'Heale Moanne hienen in protest tsjin elkoar. De Lemmer soe d'Heale Moanne te min romte jûn hawwe by it oerstaach gean. Dat protest waard takend. De Lemmer krijt dêrom 14 punten.
Sjoch hjirûnder foar de folsleine útslach en it klassemint nei trije wedstriden.
De kommende wedstriid fan de SKS is freed by Ealahuzen