Drugsdump yn Drents-Friese Wold: "De moed zakt je in de schoenen"

Drugsôffal (net it ôffal dat fûn is yn it Drintsk-Fryske Wold © ANP
Steatsboskbehear hat yn it Drents-Friese Wold in grutte drugsdump ûntdutsen. Dat meldt RTV Drenthe. It soe gean om gemyske floeistoffen, dy't yn de boaiem bedarre binne en planten en strûken oantaaste.
It guod waard fûn yn Oude Willem, krekt oer de Drintske kant fan de grins. Steatsboskbehear tinkt dat de drugs yn de nacht fan tiisdei op woansdei dumpt binne.
Drugsdump yn Drents-Friese Wold: "De moed zakt je in de schoenen." In bydrage fan RTV Drenthe
"Er zullen bodemmonsters genomen worden om de aard en de omvang van de vervuiling precies te bepalen. Zodra de uitslag bekend is weten we ook of de bodem gesaneerd moet worden door middel van het afgraven van de vervuilde grond", sa lit de natuerorganisaasje witte oan RTV Drenthe.
It gebiet om de dumping hinne is út feilichheidsoerwagings ôfsletten. It is noch net bekend om hokker gemyske stof it giet, "maar de geur doet denken aan amfetamine".
Boskwachter Lysander van Oossanen hat noed oer de dumping. "De moed zakt je in de schoenen. Het ziet er nu naar uit dat deze dumping erg schadelijk is voor de natuur. We zitten midden in de kern van een groot natuurgebied. Ik maak me ook zorgen over de waterkwaliteit."