Sjoch hjir it skûtsjesilen by Langwar werom

It skûtsjesilen wie hjoed by Langwar. De wedstriid is hjirboppe werom te sjen.
It is foar it earst dat de skûtsjes fan de SKS op de Langwarder Wiellen in baan mei twa krúsrakken sile. Dizze baan is op oare plakken wol faker brûkt, mar neffens wedstriidlieder Jan IJben wie it by Langwar earder net mooglik. No kin it al, omdat de mar útdjippe is.
Wedstriidlieder: "We ha de kaarten oanpast"
De baan by Langwar liket bot op in saneamd sânglês. Dy baan lei in dei lyn op de Snitser Mar. It iennige ferskil is dat de mar by Langwar minder grut is, dus ien fan beide krúsrakken is minder lang as it oare.
De baan by Langwar © Omrop Fryslân
De wedstriidlieding ferwachtet dat de skûtsjes mei twa krúsrakken genôch gelegenheid krije om mekoar yn te heljen, mar neffens skipper Johannes Meeter fan Huzum draait alles om de start.
Johannes Meeter: "Alles draait om de start"
By de beide foarige twa wedstriden wiene der mear falske as goeie starts. "We binne allegearre te betiid. Elkenien is derby. Elkenien sjocht wêr't je it bêste wêze kinne. En as je dêr ienkear yn sitte, kinst ek net mear werom.
Dit is de stân yn it klassemint nei twa wedstriden:
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot .