Liveblog | 10 augustus 2023

112-nijs 10 augustus: Man út heechwurker helle | Oerterper de finzenis yn nei rige ynsidinten

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 10 augustus 2023, 20:07
20:07

Gjin fjoerwurk foar ONS Snits

15:36

Oerterper de finzenis yn foar rige ynsidinten

In man út Oerterp moat fjouwer wiken de sel yn fanwege in hiele rige oan kriminele aktiviteiten. Sa hie hy in fideodoarbel fernield, hie hy kokaïne, himp, in honkbalknuppel en pepperspray yn syn besit en ried er sûnder in jildich rydbewiis.
De man ûntkende dat hy de doarbel fernield hie en sei dat de drugs bedoeld wienen foar in feestje. Njonken de selstraf hat de Oerterper in rydferbod fan njoggen moannen krigen. Boppedat moat hy 100 euro betelje foar in nije doarbel. De man giet yn heger berop tsjin de útspraak.
15:31

Drugsdumping yn Drents-Friese Wold

Steatsboskbehear hat yn it Drents-Friese Wold in grutte drugsdump ûntdutsen. Dat meldt RTV Drenthe. It soe gean om gemyske floeistoffen, dy't yn de boaiem bedarre binne en planten en strûken oantaaste.
14:02

Brânwacht hellet man út heechwurker

De brânwacht fan Akkrum en Grou koene direkt wer op paad fanwegen de penibele situaasje dêr't in skilder yn Grou yn siet. De heechwurker dêr't er yn stie woe net mear nei ûnderen. De brânwacht waard derby helle om him derút te heljen.
© CAMJO Media
13:01

Brânwacht yn aksje foar sloep yn problemen

© CAMJO Media
De brânwacht fan Grou en Akkrum binnen fan 'e middei yn aksje kommen om in sloep te helpen dy't problemen hie mei it stjoeren. Dat barde op de Nije Wetering by de brêge Ald Skou.
Der soe wat brutsen wêze, dêrtroch is de sloep net mear te bestjoeren. De boat is troch de brânwacht nei in feilich plak brocht omdat it yn drok farwetter leit.
11:00

Rare lucht by supermerk yn De Harkema

Helptsjinsten by de supermerk © RTV NOF, Gjaldau Sijtsma
De brânwacht waard tongersdeitemoarn oproppen foar in ynsidint by in supermerk oan de Bouwe Harkemastrjitte yn De Harkema. Der kamen meardere korpsen teplak. Dat meldt RTV NOF. De supermerk waard ûntromme.
Der gong ek in alarm ôf yn it filiaal. Der is mooglik wat oan de hân mei ien fan de friezers yn it pân, dêr't gas út frijkaam. Der soe ien persoan dûzelich wurden wêze en swierrichheden ha mei sykheljen. De húsdokter dy't njonken de supermerk in praktyk hat is ek teplak kommen om help te ferlienen.
It pân is trochluchte en koe it oan de ein fan de moarn wer iepen.