Fytsers mei en sûnder beheining op itselde WK: “Dat jout in hiel positive vibe”

Patrick Bos en Tristan Bangma op it WK © ANP
Paralympiërs dy't ôflost wurde troch baanhurdfytsers sûnder beheining. Op it WK hurdfytsen yn Glasgow is it gewoan. Dêr wurdt troch de ynternasjonale hurdfytsbûn UCI it earste folsleine WK organisearre.
It is in moai foarbyld fan hoe't it kin, seit Eelke van der Wal. De Holwerter is op it WK om't er in rol spilet foar sportkoepel NOC*NSF.
Van der Wal is by de koepel aktyf as prestaasjemanager, hy is ferantwurdlik foar de topsport yn Nederlân. Op it WK is hy as âld-bûnscoach te gast by syn âlde team, de Nederlânske Paralympyske ploech.
Eelke van der Wal © ANP
Van der Wal is út de skroeven mei de wize werop't it WK no organisearre is: "It befalt echt hiel goed. It is ek prachtich opset troch de UCI en it organisearjende lân Grut-Brittannië." It sporten foar minsken mei in beheining is dêr ek folle grutter, seit Van der Wal.

TV-spektakel

Dat is in gefolch fan de Olympyske Spelen yn Londen fan 2012. De tv-stjoerder Channel 4 krige dêr de rjochten fan de Paralympyske Spelen en makke der in grut telefyzje-evenemint fan.
"Sy makken der in ôfgryslik grut spektakel fan en sûnt dat momint begûn it baltsje te rôljen", seit Van der Wal.
Foar de sport yn syn gehiel is it in goede ûntwikkeling, fynt de Holwerter: "It is hiel fersterkjend nei alle kategoryen ta. Dit is in moaie útfining fan de UCI."
It nivo fan de yntergraasje is dan ek heech. "Foar de taskôger op de tribune makket it net in soad út oft ien mei in tandem krekt foar de oar oer de einstreek komt oft dat hy op in gewoane fyts rydt."
De paralympyske wrâld hat ek in soad yn te bringen. Je kinne in soad fan inoar leare.
Eelke van der Wal, prestaasjemanager NOC*NSF
It betsjut dat de paralympyske baanhurdfytsers no ek ride foar folle tribunen. Van der Wal: "Benammen op de wat jongere fytsers hat dat ympakt, dat je fytse yn sa'n leven. Je hawwe dat oars eins allinnich by de Paralympyske Spelen, net by oare wrâldkampioenskippen."

Mear yntegraasje

In oar foardiel fan de yntegraasje is dat de fytsers ûnder inoar ek mear kontakt hawwe. "Harrie Lavreysen kin paralympiër Tristan Bangma bygelyks helpe mei tips, mar oarsom jildt dat likegoed", seit Van der Wal.
"De paralympyske wrâld hat ek in soad yn te bringen. Je kinne in soad fan inoar opstekke." Sa siet handbiker Jetze Plat, mearfâldich wrâldkampioen, yn de boks fan de Nederlânske baanhurdfytsers dy't tiisdeitejûn wrâldkampioen waarden.
Harrie Lavreysen © ANP
It sukses smakket nei mear, seit Van der Wal. Allinnich wit hy ek dat net elts evenemint geskikt is foar folsleine yntegraasje. "It moat al behapber bliuwe. Soene je dit by de Olympyske Spelen dwaan, dan wurdt it al gau te grut."

Net alles is geskikt

Dat is ek ien fan de problemen by it baanhurfytsen yn Glasgow. Om't der in drok skema leit foar alle dissiplines wurde de huldigingen net op de baan sels dien, mar yn in hal dêrneist.
"De triatlon lient 'm der bygelyks al goed foar. Je moatte dus goed sjen nei wat organisatoarysk past."
Mar foar Van der Wal is ien ding dúdlik: dit wurket en jout in hiele positive vibe. "We moatte no lessen leare en dan kinne wy dy letter tapasse. Mar dat it kin is wol dúdlik."