Germ Terpstra ljept yn Drylts by de junioaren fierder as de senioaren

Germ Terpstra © Martin de Jong
Germ Terpstra fan Tsjom hat yn Drylts de fierste ôfstân ljept. Yn de finale by nota bene de junioaren helle hy 19,94 meter, wêrmei't er fierder kaam as de heechste ôfstân by de senioaren.
Terpstra liet Rutger Haanstra (19,42) en Riemer Durk Krol (18,82) efter him by de junioaren. It wie de 19e wedstriid fan de kompetysje fan it Frysk Ljeppers Boun. Der waard yn Drylts ljept om de Fryslân Cup.
Freark Kramer helle by de senioaren yn de foarronde 19,55 meter, wêrmei't er fierder kaam as Jarno Hoekstra (19,40) en Jan Teade Nauta (19,14).

Seizoensrekôr foar Hoekstra

Hoekstra koe himsels yn de mixklasse noch in ferrassing byinoar ljeppe. De earste sprong fan de Dryltser wie fuortendaalks in seizoensrekôr foar him: hy ljepte in ôfstân fan 19.40 meter. It wie it iennige rekôr dat yn Drylts ljept is.
By de froulju gie de winst nei Sigrid Bokma, dy't mei 16,52 meter fierder kaam as Femker Rispens (14,82) en Hanneke Westert (14,58).
Timo van der Knaap wûn by de jonges mei 17,36 meter, folge troch Sietse Lefferts (17,33) en Jasper Haanstra (17,09). By de famkes wie de top trije: Noa de Boer (14,39), Jeltske Terpstra (14,20) en Mirije Zorgdrager (12,93).