Dronryp makket favoriterol wier en wint Freulepartij

It partoer fan Dronryp mei Brent Jesse van Beem, Bjorn Idsardi en Brent Timmerman hat de 121ste edysje fan de Freule yn Wommels wûn. Yn de finale fan de wichtichste keatswedstriid foar jonges wienen se mei 5-4 6-6 te sterk foar Ljouwert.
Dêrmei makken se harren favoriterol wier, want Dronryp hie de measte ôfdielingspartijen wûn.
Minne start
Ljouwert pakte de earste twa buordsjes fia in boppeslach fan Harmen Zuidema en in bûtenslach fan Brent Jesse van Beem. Ek it tredde earst gie nei Ljouwert fia in sitbal fan Zuidema.
Dêrnei kaam Dronryp pas goed yn it spul. By 6-4 sloech Zuidema bûten en sa kaam Dronryp werom (3-1). Dêrnei liet Dronryp sjen wêrom't it as favoryt beskôge waard: it kaam fia 6-0 op 3-2.
6-0 út hannen jûn
Yn it earst dêrnei kaam Dronryp mei 6-0 foar en dus like it 3-3 te wurden, mar Ljouwert toande in protte karakter en wûn it earst dochs noch fia 6-6. Dêrnei barde nochris presys itselde (fan 0-6 nei 6-6), mar no sloech Zuidema kwea en waard it 4-3.

Dronryp kaam doe yn de goede flow en pakte twa earsten op rige. Sa kamen se foar it earst yn wedstriid op foarsprong: 4-5. By 4-5 6-6 helle Dronryp de oerwinning binnen.
Sechsde oerwinning
Dronryp berikte de finale troch Peins, Goaiïngea, Achlum, Winsum en Seisbierrum-Pitersbierrum te ferslaan. It is de sechsde kear dat Dronryp de Freule wint. De lêste kear wie yn 2020.
Brent Jesse van Beem nei de Freulewinst
Brent Jesse van Beem fan Dronryp hie nettsjinsteande de grutte efterstân nea it gefoel dat syn partoer ferlieze soe. "We zijn een compleet partuur. Tegen Winsum kwamen we ook telkens achter, maar uiteindelijk is het wel gelukt."
"Publiek was tegen ons"
By Brent Timmerman oerhearsket opluchting. "We hebben het hele jaar goed gepresteerd, veel prijzen gepakt, maar dit is de dag waarop je moet presteren."
"Leeuwarden sloeg goed op, het was een moeilijke tegenstander", seit Timmerman. "Het publiek was tegen ons en dat was lastig, maar wij knokten ons toch terug. Daar mag je trots op zijn."
'Blessuere kantelpunt'
Otte Algra fan it ferliezende partoer rekke yn de finale blessearre. "It skeat yn de kûten. De fysio hat it fantastysk dien, wêrtroch't ik fierder keatse koe, mar dêrnei krige ik gjin bal der mear yn."
Algra moat tefreden wêze mei it twadde plak. "It is in moai klokje, mar dêr bliuwt it ek wol by. Ik tink dat ik jûn in hiel soad bier drinke sil."
Bylden fan de huldiging yn Dronryp: