Simmer yn Fryslân: Peins is grutsk op syn bistekamp

Simmer yn Fryslân: Peins is grutsk op syn bistekamp
Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, makket Omrop Fryslân wer in roadtrip by al it moais fan Fryslân del. Sa komme wy ek op it kampke fan Peins, dêr't it in fleurige bisteboel is.
Dit jier giet Fryslân dwerstroch: de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen. Hjoed wie ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Peins.
It doarp is mar wat wiis mei it bistekamp, dêr't allerhanne bisten omkuierje. It wie in goede bestimming foar in stikje grûn dat jierren lyn oer wie. De famylje fan Sarah Engelhard is dwaande om ek in moaie bestimming te jaan oan it stik grûn dêr't se in hûs op bouwe. Fierder sjogge wy by keatsferiening Pieter Jellema.
Moarn binne we yn Hilaard. Sjoch hjir foar de folsleine rûte dizze simmer.