Dochs ûndersyk nei omkearde oanfleanrûte op de Vliehors

Der moat troch minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat (Y&W) dochs noch ûndersyk dien wurde nei de mooglike lûdsoerlêst dy't ûntstiet op Teksel, as de fleanrûtes op de Vliehors op Flylân omdraaid wurde. Dat hat de Raad van State bepaald.
Troch it omdraaien fan de fleanrûte sille F16's en F35's tenei besykje om út it Noarden wei doelen op it oefenterrein op Flylân te reitsjen. Dêrnei moatte se mei in skerpe bocht en mei heech fermogen wer omheech fleane.
De heechste rjochter fynt it oannimlik dat dit foar mear 'libben' soargje sil. Dit is lykwols net foldwaande ûndersocht troch de ministers fan Y&W en Definsje dat moat no dochs barre.
Bewenners binne benaud foar oerlêst
Bewenners fan de kop fan Teksel binne benaud foar flinke lûdsoerlêst. Paracentrum Texel is benaud foar gefaarlike tastannen as de oprinnende jagers sa tichtby de noardtip fan it eilân komme.
De minister fan Y&W sil in nij beslút oer de miljeu-effekten fan de nije oanfleanrûte nimme moatte. Mochten de tsjinstanners dêr it opnij net mei iens wêze, dan kinne sy direkt nei de heechste bestjoersrjochter yn Den Haag stappe en hoege se net earst lâns in legere rjochtbank.