De Lemmer oerklast De Jouwer en wint skûtsjesilen by Terherne

It skûtsje fan De Lemmer hat de twadde wedstriid wûn yn it kampioenskip fan de SKS.
Skipper Albert Visser wie út de skroeven. "It skip docht it geweldich, en de jonges ek. Mei dit waar binne we hiel goed. Moarn krije we minder wyn, mar dêr binne we ek klear foar."
Dit is hoe't De Lemmer De Jouwer de baas wie
It duorre lang foardat de skûtsjes los koene op de Snitser Mar. Earst wie it wachtsjen oant de Snitswike klear wie, en doe't it startskot ienkear jûn wie, wiene de skippers sa happich dat se twa kear massaal falsk starten.
Trije kear wie skippersrjocht en by de tredde start wie Snits as bêste fuort. By de boppeste tonne die bliken dat De Jouwer de bêste slach makke hie. De Lemmer kaam as twadde om de tonne.
De wedstriidlieding hie keazen foar in sânglês. Dat is in rûte mei twa krúsrakken. En yn dy krúsrakken kaam it skûtsje fan De Lemmer hieltyd tichter by De Jouwer, en dizze beiden rûnen út op de rest fan it fjild. It waard in twastriid.

Der stie in moaie wynkrêft fjouwer op de Snitser Mar, en oan de wyn hiene de skippen it wetter yn de warring.
Achter de koprinners sylde Grou in poerbêste wedstriid. De start wie min, mar Grou kaam as sechsde om de boppenste tonne, en sylde dêrwei nei it fyfde, it fjirde sels it tredde plak.
Trochdat De Jouwer foaroan sylde, koe skipper Rinus de Jong frij sile, mar by it draaien om de boeien ferlear De Jouwer tefolle ôfstân op De Lemmer.
Rinus de Jong: "Dit kin net moaier"
Hiel bot sit er dêr net mei. By De Jouwer fiere se it twadde plak asof se wûn ha. "Dit kin net moaier", seit De Jong.
Sjoch hjirûnder foar de folsleine útslach fan de wedstriid by Terherne en it klassemint nei twa wedstriden.
Tongersdei sile de skûtsjes wer. Dan is de wedstriid by Langwar.
De folsleine wedstriid is werom te sjen op de YouTube-side fan Omrop Fryslân.