Drege tiid foar Voedselbank Opsterland: "We gaan acties voorbereiden"

In pakket mei iten © ANP
Voedselbank Opsterland fynt it dreech om oan sûn iten te kommen. Se sjogge it tal klanten dit jier tanimmen, mar supermerken út de buert hâlde hieltyd minder produkten oer. Boppedat moat der jild bylein wurde om de itenspakketten kompleet te meitsjen.
Der binne sa'n 100 nije klanten bykaam by Voedselbank Opsterland op De Gordyk it lêste jier. Benammen gruttere húshâldingen hawwe help nedich. It komt mei trochdat de prizen foar deistige boadskippen goed tsien persint djoerder wurden binne as ferline jier, sa docht bliken út sifers fan it CBS.
Voedselbank Opsterland fynt it dreech om oan sûne produkten te kommen
Dêrneist komme der minder sûne produkten de kant fan de voedselbank op. Benammen farske griente, fleis en fruit binne bûten it seizoen hast net mear te krijen, seit ponghâlder Arie van Dijk.

Aksjes

Mei help fan de tsjerke, sponsoaren en donateurs moatte se sûn iten derby keapje. De Voedselbank op De Gordyk hie dêrfoar in jierliks budzjet fan 25.000 euro, mar dat rêde se no net mear op.
Van Dijk: "We gaan acties voorbereiden voor voedselwerving. Dat betekent dat we gaan nadenken over wat we nodig hebben en dat we met de winkelier een actie willen voorbereiden waarbij we klanten gaan vragen om de producten die we echt nodig hebben voor ons te kopen."
De Voedselbank besiket nei de simmerfakânsje ek mei skoallen aksjes te betinken om sûn te iten yn stee fan allinnich jild op te heljen.