Simmer yn Fryslân: Stikkers plakke yn Seisbierrum
Simmer yn Fryslân: Seisbierrum
Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, makket Omrop Fryslân wer in roadtrip by al it moais fan Fryslân del. Yn Seisbierrum is it simmerdeis in gesellige boel.
Dit jier giet Fryslân dwerstroch: de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen. Hjoed wie ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Seisbierrum.
Moarn binne we yn Peins. Sjoch hjir foar de folsleine rûte dizze simmer.