IIs leit wer yn Thialf en dat kostet de baan gjin jild

Reedriders kinne sûnt moandei wer terjochte op it iis fan Thialf. Dit seizoen kin it djoere iis hooplik meibetelle wurde troch besparringen fan de enerzjyhub, dochs moatte topsportploegen wer jild bylizze.
De iepenstelling yn de simmer is benammen bedoeld foar trainingen op it alderheechste nivo op de lange baan en shorttrack. Mar ek rekreative riders meie op it iis. De twa nije deputearren Femke Wiersma en Eke Folkerts iepenen it seizoen by de training fan de Zaanlander-ploech.
It iisstadion hat ôfspraken makke mei reedrydbûn KNSB en hierder Stichting Topsport Noord oer de kosten, seit ynterimdirekteur Minne Dolstra. "Oan it tal kilowatt-oeren hawwe wy in priis hongen. En ek foar personiels- en skjinmakkosten. Dêr hawwe we in kostpriis de wike fan makke. It kostet ús dus gjin sinten."

Wol hat Thialf de kennis en konneksjes brûkt, sadat it foar Topsport Noord safolle mooglik opsmyt. Sa is der bygelyks in ploech út Kazachstan oanlutsen. It iis wurdt ferhierd oan Topsport Noord, ploegen dy't de flier brûke wolle moatte dat dus fia dy organisaasje regelje.
Iis leit wer yn Thialf en dat kostet de baan gjin jild
Op dit stuit traint it team fan Zaanlander der, mar ek Reggeborgh, Jumbo en IKO en de nasjonale seleksje fan de shorttrackers.
Sinnepanielen
Deputearre Wiersma beklamme dat it no ek oan de skaatssektor sels is om harren derfoar yn te spannen de baan steande te hâlden. "Wy hawwe as oerheden al hiel bot ús bêst dien om Thialf yn de benen te hâlden."
Op de earste dei wienen der ek hûndert rekreative riders dy't in oere deis gebrûk meitsje kinne fan it iis.

Wat de sinnepanielen oanbelanget sit Thialf yn de lêste faze, jout Dolstra oan.
"Kommende freed is der noch in keuring fan Keuringsservice Nederland. Dat giet oer it elektryske diel. Ik rekkenje der op dat dit klearkomt, mei it each op de keuring fan ferline wike. Ek it trajekt fan de batterypacks is yn gong set. Se binne no dwaande mei it ferkennen fan de masinen fan it systeem."
Opslach enerzjy
De earste fan twa kontenerfoarmige packs foar de opslach fan enerzjy stiet al op it terrein. Thialf kin dêrmei sels de ynkeap fan stroom dwaan. Op de dynamyske merk ferskilt de priis per oere. Dat betsjut dat Thialf op mominten dat de stroom goedkeap is ynkeapje en opslaan kin.
Wannear't it folsleine systeem krekt yn gebrûk naam wurde kin is net bekend. Wiersma neamt de enerzjyhub in goede oplossing foar it drukken fan de hege kosten.