Liveblog | 8 augustus 2023

112-nijs 8 augustus: Ynbrutsen yn tsjerke yn Dokkum | Hynder út it wetter helle by Eagmaryp

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 augustus 2023, 20:22
20:22

Ynbraak by V.V. Oostergo

Begjin dizze wike is der ynbrutsen yn de fuotbalkantine fan V.V. Oostergo yn Ie. De dieders sochten nei jild yn de kassa, mar dy wie op dat stuit leech. Jild koe dus net meinaam wurde, mar it gebou rûn wol skea op.
De plysje hat tiisdei by de kantine west om ûndersyk te dwaan. It bestjoer fan V.V. Oostergo hat oanjefte dien fan de ynbraak.
20:12

Hynder út it wetter helle by Eagmaryp

In hynder is tiisdeitemoarn yn it wetter bedarre by Eagmaryp. Om it bist derút te krijen, waarden de brânwachtkorpsen fan De Jouwer en Akkrum oproppen. Dat slagge úteinlik mei de help fan in trekker.
It hynder is troch de bistedokter neisjoen op ferwûningen.
20:10

Boat stjoerleas troch motorproblemen

De brânwacht fan Balk moast tiisdeitemiddei yn aksje komme foar in boat mei motorproblemen. Troch de hurde wyn like de boat fuort te driuwen. De brânwacht hat de boat úteinlik nei de haven fan Balk slepe kind.
17:19
16:14

Bestjoerder auto rydt troch nei oanriding

In fytser is tiisdei ferwûne rekke by botsing mei in auto op It Hearrenfean. De bestjoerder fan de auto ried troch nei de oanriding.
Efkes letter koe de bestjoerder dochs oanholden wurde. Hy hat in boete krigen.
15:21

Ynbraak yn St. Martinustsjerke yn Dokkum

© RTV NOF, Ben de Jager
Yn de tsjerke oan de Markt yn Dokkum is ynbrutsen. Nei alle gedachten is dat bard yn de nacht fan snein op moandei.
By in ûndersyk fan de plysje binne spoaren fan ynbraak fûn. Ek is der guod út de tsjerke meinaam.
Wat der krekt meinaam is, kin de plysje noch net sizze, der wurdt noch spoareûndersyk dien. Der is noch net ien oppakt foar de ynbraak.