Fryske profklups moatte aanst ek foldwaan oan in fergunningsplicht

© Omrop Fryslân / ANP
In soad gemeenten binne stranger foar harren betelle fuotbalklups. Ek yn Fryslân komt der in fergunningsplicht foar profklups. Gemeente Hearrenfean wurket dêr aanst al mei en Ljouwert hopet dat takom jier te dwaan.
De NOS hat in rûnfraach dien by 31 gemeenten. Hast alle gemeenten jouwe oan dat sy takom seizoen de betingsten oanskerpje of yn elts gefal bestudearje, mei it each op it supportersgeweld yn de ôfrûne seizoenen.
Yn bepaalde gemeenten wie in meidieling fan de klup altyd genôch, mar fan takom seizoen ôf jilde der mear foarskriften. Dat seizoen begjint takom wykein.
De fergunningsplicht komt yn in tiid dêr't it oantal ynsidinten yn tanaam is: fan it smiten mei bekers bier oant fernieling, fjoerwurk en it bestoarmjen fan it fjild. De KNVB hat 167 kear in sanksje oplein oan in klup nei supportersgeweld yn de ôfrûne twa seizoenen.

Ljouwert

Gemeente Ljouwert stribbet dernei om in fergunningsplicht yngean te litten foar it seizoen 2024/2025. Op dit stuit is der in meldingsplicht, dy't opnaam is yn de APV (Algemene Plaatselijke Verordening). It hannelingskader hat foar Ljouwert oanlieding west om in fergunningsplicht te ûndersykjen.
De hyskranen by it nije Cambuurstadion © Kappers Media
Fraksjefoarsitter Marcel Visser fan de VVD yn de Ljouwerter gemeenteried is benijd nei de motivaasje de fergunning net al dit seizoen yn te fieren. "Blijkbaar wil Leeuwarden wel een vergunningsplicht invoeren, maar volgend jaar pas bij het nieuwe stadion. Terwijl je eigenlijk ziet dat bij het huidige stadion in de woonwijken er juist een veel lastigere situatie ontstaat."

Tiid nedich

Neffens de gemeente hat út earste petearen mei de belutsen partijen bliken dien dat wol draachflak is foar in fergunningsplicht. It ynfieren fan sa'n stelsel freget lykwols tiid, om't de APV oanpast wurde moat. Ljouwert wol dêr dus wol mei oan de gong en jout oan dat de betingsten ek taspitst wurde op it spyljen yn it nije stadion.
Visser wol nei it simmerreses fragen stelle oan de boargemaster oer wêrom't de fergunning net earder ynfierd wurde koe en hokker mooglikheden der wol binne it ynfiere te kinnen.

Lanlike rjochtline

It advys om betelle fuotbalwedstriden allinne ta te litten as der foldien is oan fergunningsbetingsten, komt út in hannelingskader dat begjin dit jier troch de boargemasters sels opsteld is. Ek de demisjonêr minister fan Justysje trune hjir op oan.
Under de betingsten falle bygelyks ôfspraken oer alkoholferkeap, ferfier, ticketferkeap, organisearre fjoerwurk, befeiliging en it útinoar hâlden fan supportersgroepen. As de klups net foldogge oan de betingsten, kin der in sanksje folgje. Yn it uterste gefal kin in fergunning foar in wedstriid sels ynlutsen wurde.
Dêrmei lûke gemeenten de fuotbalwedstriden mear lyk mei oare eveneminten, dêr't ek gewoan in fergunning foar nedich is. It hannelingskader moat in dúdlike rjochtline foarmje wêrmei't gemeenten yngripe kinne.
"Vooropstaan blijft wel dat het geen papieren tijger moet worden. We willen ook wel horen waarom dit een extra meerwaarde heeft ten opzichte van de meldingsplicht die er nu ligt. En ook willen we weten: voorkomt de vergunning de situatie van afgelopen seizoen?"
Marcel Visser © VVD Leeuwarden
Foardiel fan de fergunningsplicht is neffens Visser dat der in oprop yn stiet om supportersferieningen mei te nimmen yn it oerlis tusken KNVB, de fuotbalferieningen en de boargemaster. "Er zijn genoeg wedstrijden die goed zijn verlopen. We moeten niet hele supportersgroepen straffen zoals afgelopen seizoen. Als een vergunning daaraan kan bijdragen dan kan dat een eerste stap zijn."

Hearrenfean

Gemeente Hearrenfean lit yn reaksje witte oan in fergunningsplicht te wurkjen, al foar't it hannelingskader fêststeld wie. Hearrenfean seit in evenemintefergunning ôf te jaan foar salang't it seizoen duorret. De fergunning jildt allinne foar betelle fuotbalwedstriden ûnder de KNVB yn it Abe Lenstra Stadion.
Yn de fergunning binne ek wat oanfoljende betingsten opnaam, dy't bygelyks gean oer it organisearjen fan de feiligens en de besikersstreamen. It yn jannewaris fêststelde hannelingskader is opnaam yn de fergunning.