Doke Schmidt ferruilet Ljouwert foar Helmond

Doke Schmidt yn it shirt fan Cambuur © ANP
Doke Schmidt spilet it kommende seizoen by Helmond Sport. De 31-jierrige Fries tekenet in kontrakt foar ien seizoen by de earstedivyzjonist.
Schmidt spile de ôfrûne fjouwer seizoenen by Sportklup Cambuur. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar syn kontrakt waard dizze simmer net ferlinge. De ferdigener spile dêrfoar 85 wedstriden by sc Hearrenfean, dêr't hy ek de jeugdoplieding trochrûn.
Schmidt krijt yn Helmond rêchnûmer fyftjin. De klup út Noard-Brabân begjint it nije seizoen freed mei in útwedstriid tsjin Roda JC.