Min waar foar de Snitswike-kampearders, mar sy hâlde de sfear deryn

It is net oars, de campinggasten fan de Snitswike moatte har mar rêde mei it minne waar
Rein en wyn, it wie net it waar dêr't in soad besikers fan de Snitswike op hope hiene. Dochs moatte de kampearders op de Snitswike-camping it der mar mei dwaan.
De wyn jage de boel moandei yn 'e bulten foar de silers: mar in tredde fan de races koene fearn wurde. Op de campings om de Snitser Mar hinne kin de ien better mei it minne waar omgean as de oar.
De jongelju op de Snitswike-camping hiene te krijen mei omwaaide partytinten en wiete luchtbêden, wylst op in camping oan de oare kant de minsken yn de caravan drûge fuotten holden en it bêste fan de fakânsje besochten te meitsjen.