Wêrom kinne skûtsjes net sile mei hurde wyn?

© ANP/Eelke Dijkstra, montaazje: Omrop Fryslân
Foar de twadde dei op rige giet it skûtsjesilen net troch, omdat der tefolle wyn stiet. Wêrom kinne skûtsjes dan net farre?
We freegje it oan Eelke Dijkstra. As skûtsjeskipper waard er meardere kearen kampioen yn de A-klasse fan de IFKS, en no is er analist by Omrop Fryslân.

Wêrom kinne skûtsjes net sile mei hurde wyn?

Mei hurde wyn wurde de krêften op in skûtsje sa grut, dat je it net mear ûnder kontrôle hâlde kinne. It wurdt ûnbestjoerber. Benammen op smel en ûndjip wetter ha je dan samar ûngelokken.
De SKS hat in spesjale 'minwaarried' dy't beslute kin dat in wedstriid net troch gean kin. Pieter Brouwer is dêr de foarsitter fan. Neffens him is it 'libbensgefaarlik' om no te silen.
"Dat hat mei de lokaasje te krijen. We sitte hjir op de drûchte, en yn de beammen. Op de Snitsermar kinne je mear as hjir. We moatte ek rekken hâlde mei de boatsjes oan de wâl. Je wolle net dat dêr in skip yn fljocht, dan is de hikke fan de daam."
It wedstriidwetter by Earnewâld is smel en ûndjip, krekt as dat by De Feanhoop.

Hie it hjoed op grutter weter wol kind?

Nee. Op djipper wetter is it skip wol makliker te bestjoeren, mar by de tonne komme der noch hieltyd in protte skippen ticht by mekoar. En as je dan gijpe moatte, en it seil giet mei gong fan de iene nei de oare kant, kin dat ek hiel gefaarlik wêze.

Wat is de maksimale wyn dêr't in skûtsje noch mei sile kin?

Dat hinget fan de omstannichheden ôf. As de loft skjin is, en der binne gjin wynpûsters, dan kinne je mei wynkrêft fiif noch wol sile. Mar op in dei as hjoed, mei in ûnstabile loft, moatte je der earder mei ophâlde.

Hoe kin it dan dat mei bygelyks de strontrace skûtsjes soms mei wynkrêft acht noch farre?

Dat binne oare omstannichheden. Dêr sile se net allegearre tagelyk om in tonne hinne. En boppedat passe se it skip der hielendal op oan. Foar de SKS is dat gjin dwaan. Dizze skûtsjes binne racemasines wurden.
Yn ferbân mei de hurdsyldei op de Snitsermar begjint de wedstriid fan woansdei net om 14:00 oere, mar om 15:45 oere. De rjochtstreekse útstjoering fan Omrop Fryslân begjint om 15:30. Dy útstjoering is allinne online te sjen, op telefyzje ha we dan omtinken foar de belangrykste keatspartij foar jonges: de Freule.